Sel- en wurkstraffen foar rellen by hoarekasluting Ljouwert

In 18-jierrige man út Drachten hat trije moanne sel krigen fanwege syn belutsenheid yn novimber by rellen yn Ljouwert om de hoarekasluting. Trije oare fertochten krigen wurkstraffen fan 80 en 90 oeren oplein.
© Noordernieuws
De hoareka moast op sneon 13 novimber fanwege de coronamaatregels om acht oere jûns ticht. Nei dy tiid sammelen har hûnderten minsken op it Saailân en dêr waard de stimming hieltiten grimmitiger.
Justysje hie it oer in fjildslach: "Agenten moesten rennen voor hun leven." De rjochter fûn dat de fertochten nei hûs gean moatten hiene, doe't de saak út de hân rûn.

Strafblêd

De Drachtster hie in bierflesse nei de plysje smiten. Hy hie al in strafblêd en siet yn de proeftiid fan in eardere straf. Dêrom falt syn straf heger út.
In 20-jierrige man út Bitgum smiet fjoerwurkbommen nei de plysje. Hy is feroardiele ta in wurkstraf fan 180 oeren, wêrfan't 80 oeren ûnder betingst binne.
Ek in Ljouwerter fan 20 krige in wurkstraf fan 180 oeren foar it smiten mei fjoerwurk, wêrfan 90 oeren ûnder betingst. In 19-jierrige Ljouwert hat ek 90 oeren taakstraf krigen, foar it smiten fan in bierflesse nei in ME-wein.

Noch twa fertochten

Yn dizze saak komme yn juny noch twa fertochten foar de rjochter. It giet om in 19-jierrige frou en en 27-jierrige man út Ljouwert.