RIVM: 912 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 912 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. Dat binne 486 mear as tiisdei, doe waarden 426 besmettingen meld. Troch in steuring wiene de sifers doe net kompleet. De steuring is woansdei oplost, mar it RIVM wurket noch oan it fuortwurkjen fan de efterstân.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 808 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 777 besmettingen, in wike lyn op 864.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Neffens de lêste sifers fan it RIVM binne der trije Friezen opnaam yn it sikehûs.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 38.282 . It trochsneedtal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 35.588.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.