Liveblog | 19 jannewaris

Coronanijs 19 jannewaris: Tûzenen Fryske skoalbern thús | Boargemasters kritysk

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • De kultuersektor fierde hjoed aksje mei kappers en yogalessen yn museums en teäters;
  • GGD hopet dat OMT nei karantêneregels sjen wol: sa'n 3.000 Fryske bern sitte thús;
  • Der lizze 1.148 minsken mei COVID-19 yn de Nederlânske sikehûzen;
  • Der binne woansdei 912 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân, mar der wie wol in steuring by it RIVM.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Bywurke: 19 jannewaris, 22:53
woansdei 19 jannewaris
22:52

Ein fan dit liveblog

Dit is de ein fan dizze liveblog. Moarn is der wer in nij liveblog mei al it coronanijs. Tank foar it folgjen.
22:51

De boargemaster fan Tytsjerksteradiel kin him ek fine yn de brief

22:43

Kâns op sikehûsopname lytser nei booster

Minsken mei in boosterprik hawwe in fiif kear sa lege kâns op in sikehûsopname, stelt it RIVM. Dat is dien op basis fan de sikehûssifers fan de lêste twa moannen. Kanttekening is wol dat it benammen oer de deltafariant giet, wylst de omikronfariant hieltyd grutter wurdt.
De beskerming foar minsken mei in ekstra prik wie 97 persint tsjin sikehûsopnamen en 98 persint tsjin IC-opnamen. Foar minsken mei mar twa prikken is dat 85 en 93 persint.
Neffens it RIVM is de boosterprik dus hiel effektyf om sikehûsopnamen foar te kommen.
22:38

Ek de boargemaster fan Skiermûntseach stiet efter de brief:

22:33

Jannewietske de Vries kin har yn de brief fine:

21:57

"Logika yn coronabelied fier te sykjen"

Mei noch 30 oare boargemasters hat Sybrand Buma fan Ljouwert in iepen brief oan it kabinet skreaun. It boadskip: it hjoeddeiske coronabelied is net mear hâlber en skeint it betrouwen yn it bestjoer.
Neffens de boargemasters is lokale hanthavening stadichoan it sintrale elemint fan de krisisbestriding wurden. "Maar een repressieve overheid komt tegenover zijn eigen burgers te staan, ook tegenover hen die van goede wil maar inmiddels moedeloos zijn", sa skriuwe sy.
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert © ANP
20:19

Supermerken benaud foar lege skappen

Supermerken krije hieltyd gruttere roasterproblemen troch de útfal fan personiel dat yn karantêne moat. Neffens brânsjorganisaasje Centraal Bureau Levensmiddelenhandel (CBL) driigje skappen yn de supermerken dêrtroch leech te reitsjen. De sektor ropt it regear dêrom op om de karantêneregels noch fierder te ferromjen.
Lege skappen yn in supermerk © ANP
Neffens CBL-direkteur Marc Jansen komme filiaalmanagers fan supermerken hieltyd faker yn in situaasje terjochte dêr't se hiele ôfdielingen, lykas dy foar bôle of griente en fruit, slute moatte trochdat te folle personiel útfallen is. "Voor specifieke afdelingen heb je specifieke kennis nodig. Je kunt niet zomaar iemand van de bakkerijafdeling vervangen door iemand van een andere afdeling", seit er. "We gaan echt zien dat schappen leeg beginnen te raken."
It regear ferromme ferline wike al de karantêneregels. Minsken dy't minimaal in wike lyn harren boosterprik hân hawwe en gjin coronaklachten hawwe, hoege tenei net yn isolaasje nei kontakt mei ien dy't mei corona besmet is. Mar neffens it CBL smyt dat dochs noch problemen op foar de jongeren dy't yn supermerken wurkje. Jongeren ûnder de 18 jier kinne noch gjin boosterprik helje.
De brânsj wol dêrom dat supermerkmeiwurkers en oare minsken mei in krúsjaal berop frijsteld wurde fan karantêne nei kontakt mei in besmet persoan, op betingst dat se klachtefrij binne. Dat moat dan dus ek jilde foar wurknimmers sûnder faksinaasje of booster, seit Jansen.
17:46

Tsientûzenen hântekeningen ûnder hoarekapetysje

De petysje wêryn Koninklijke Horeca Nederland (KHN) opropt om de regels foar de hoarekasektor fuortendaliks te ferrommen is woansdeitemiddei al hast 43.000 kear ûndertekene. De brânsjferiening fynt it "onnodig en onrechtvaardig" dat de coronamaatregels foar de hoareka, mar ek foar de kultuersektor, noch net ferromme binne.
Mei de petysje, dy't nei de lêste parsekonferinsje begûn waard, besiket KHN de druk op de polityk op te fieren foarôfgeand oan it coronadebat op tongersdei.
17:21

Duel froulju sc Hearrenfean skrast

De kompetysjewedstriid tusken de fuotbalsters fan sc Hearrenfean en Ajax giet freed net troch. Ajax kin fanwegen meardere coronagefallen net it fereaske tal spylsters meinimme.
De KNVB hat it fersyk ta útstel fan Ajax akseptearre. In nije spyldatum is noch net bekend.
17:18

Aksjes yn byld

Op ferskate plakken yn ús provinsje waard der troch de kultuersektor aksjefierd:
17:07

Aksje fan Pier 21 gie net troch

De aksje fan Pier 21 dy't woansdeitemiddei pland stie yn De Walrus yn Ljouwert is net trochgien. Organisator David Lelieveld woe in foarstelling opfiere, mar om't boargemaster Sybrand Buma it ferbean hie, doarden se it net oan.
"Dat is wol teloarstellend", seit Lelieveld. "We hawwe wol socht nei oare lokaasjes, mar net nei bûten ta... Dat kin net. Dan wykje we te soad ôf fan de lanlike aksje."
David Lelieveld fan Pier 21
17:02

Jannewaris brekt moannerekôr positive testen

Jannewaris is pas krekt oer de helte, mar hat no al in nij rekôr fêstige. Noch nea earder hat it RIVM yn in kalindermoanne safolle positive testen meld. Yn de earste njoggentjin dagen fan de moanne binne 548.697 besmettingen registrearre.
It âlde rekôr wie yn novimber fêstige. Doe wiene der yn tritich dagen tiid 510.751 positive testen. Dat rekôr like tiisdei al brutsen te wurden, mar it deisifer foel doe leech út troch in steuring.
16:43

Tsjerkegongers wer wolkom

Dûmnys yn de Fryske tsjerken hoege fan snein ôf net langer te preekjen foar lege tsjerkebanken. Fan snein ôf meie der wer 50 tsjerkegongers talitten wurde, sa hat klassispredikant Wim Beekman hjoed bekendmakke yn in brief oan de protestantske tsjerken yn ús provinsje. Sûnt 19 desimber holden de measte tsjerken har oan it advys om tsjinsten sûnder publyk te hâlden. Gemeenteleden moasten de tsjinst dan thús folgje, fia ynternet.
Tsjerkegongers binne snein noch net samar wolkom, it advys oan de tsjerken is om te wurkjen mei in reservearringssysteem, om foar te kommen dat it te drok wurdt.
Predikant Wim Beekman oer it beslút
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
16:34

Tûzenen Fryske bern sitte thús

Yn hiel Fryslân sitte op dit stuit sawat trijetûzen skoalbern thús yn karantêne, omdat by har yn de klasse op syn minst trije bern besmet binne mei it coronafirus. Oarsaak is de bot besmetlike omikronfariant. En de strange regels: bij trije besmette bern moat de hiele klasse nei hûs.
Rûnom yn it lân is dit it byld, tûzenen bern dy't thús sitte fanwege corona. De rop om de strange regels los te litten begjint lûder te wurden.
Mar it is wol in dilemma, seit wurdfierder Derk Moor fan de GGD Fryslân: "Als zoveel kinderen thuis komen te zitten van onderwijs, dan is dat niet goed. Aan de andere kant als we de besmettingen zomaar door laten gaan; de kinderen in de basisschoolleeftijd zijn voor een groot deel nog niet geprikt. En hoe gaat de variant dan landen bij de mensen die niet zijn geprikt? Dat weet je natuurlijk nog niet heel goed."
Derk Moor fan de GGD
16:27

Sel- en wurkstraffen foar rellen by hoarekasluting Ljouwert

In 18-jierrige man út Drachten hat trije moanne sel krigen fanwege syn belutsenheid yn novimber by rellen yn Ljouwert om de hoarekasluting. Trije oare fertochten krigen wurkstraffen fan 80 en 90 oeren oplein.
De hoareka moast op sneon 13 novimber fanwege de coronamaatregels om acht oere jûns ticht. Nei dy tiid sammelen har hûnderten minsken op it Saailân en dêr waard de stimming hieltiten grimmitiger.
© Noordernieuws
16:17

Teäter De Colle yn Kollum bleau ticht

Teäter De Colle yn Kollum die hjoed net mei oan de aksje fan de teäters en musea, mar stipe de teäters wol.
It teäter kin in boete fan 4.000 euro net riskearje, seit útbater Theo Witteveen tsjin RTV NOF. "Finansjeel moatte wy ús al twa jier rêde. Om dan in bekeuring te riskearjen, is it ús net wurdich." De kâns op kontrôle is te grut, seit Witteveen. "Ik wol net sizze dat de gemeente strang is, mar sy binne wol fan de regels. Wy wolle it needlot net tarte."
15:28

Tryater yntusken oankaam op it Saailân

15:22

RIVM: 912 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 912 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. Dat binne 486 mear as tiisdei, doe waarden 426 besmettingen meld. Troch in steuring wiene de sifers doe mooglik net kompleet.
Der binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Neffens de lêste sifers binne der trije Friezen opnaam yn it sikehûs.
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 38.282 . It trochsneedtal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 35.588.
© ANP
15:11

Tryater fiert aksje

15:07

Kabinet tsjin boargemasters: protestaksje mei, echt iepengean net

Aksjes fan ûndernimmers dy't fanwege corona harren saak tichthâlde moasten, binne net tastien as se mei harren aksje eins gewoan iepengean. Dat skriuwt minister Dilan Yesilgöz (Justysje) yn in brief oan it Veiligheidsberaad. Mar it hanthavenje fan de regels is wol oan it lokale bestjoer, ûnderstreket se.
15:01

KNVB ropt kabinet op om stadions te iepenjen

Fuotbalbûn KNVB ropt it kabinet en it OMT op om serieus te sjen nei it talitten fan publyk by wedstriden yn it betelle fuotbal. Neffens it bûn is dat nedich om't de situaasjes foar klups útsichtleas begjint te wurden. De KNVB hat berekkene dat de Nederlânske klups yn it seizoen 2020-2021 219 miljoen euro minder omset hân hawwe, wêrfan 155 miljoen euro as direkt gefolch fan de coronapandemy.
14:56

Reisbrânsj fynt karantêneregels yn Nederlân ûnlogysk

De reisbrânsj wol dat de oerheid lang om let ris mei "logische quarantaineregels" komt. "Het geduld bij reisorganisaties is zo langzamerhand wel op", seit foarsitter Frank Oostdam fan reisbrânsjeorganisaasje ANVR. Hy ergeret him deroan dat it karantênebelied dat freed troch it kabinet útdroegen waard noch net logysk útwurke wêze soe.
By de lêste parsekonferinsje melden premier Mark Rutte en coronaminister Ernst Kuipers dat minsken dy't in booster hân hawwe of wersteld binne fan corona net mear yn karanêne hoege, leit Oostdam út. Dit sels net as se kontakt hân hawwe mei in besmet persoan.
"Maar diezelfde overheid zegt op zijn website dat reizigers die terugkeren uit een zeerhoogrisicogebied, óók volledig gevaccineerd of hersteld én een negatieve PCR-test hebben, dat zij bij terugkeer wél tien dagen in quarantaine moeten. Hoe inconsequent wil je zijn?"
Dy situaasje kostet reisûndernimmingen neffens Oostdam "weer heel veel geld".
14:51

Ingelân hâldt op mei mûlkapkes en coronapas

In grut part fan de coronamaatregels yn Ingelân wurdt fan nije wike ôf opheft. It is fan dan ôf net langer ferplicht om mûlkapkes te dragen en ek de thúswurkplicht en it coronatagongsbewiis ferfalle, makke premier Boris Johnson woansdei bekend.
14:41

Ekstra gearkomste Veiligheidsberaad oer hoareka en kultuer

De 25 boargemasters fan it Veiligheidsberaad komme tongersdei byinoar foar in ekstra gearkomste. Dy is op de aginda set om't de boargemasters wolle dat der fluch dúdlikheid komt oer de takomst foar benammen de hoareka- en kultuersektor. Moandei sei it Veiligheidsberaad dat it kabinet dêr noch dizze wike mei komme moast en dat wachtsje oant 25 jannewaris te lang duorje soe.
De boargemasters tinke dat ferrommingen mooglik binne, bygelyks yn de foarm fan in jûnslockdown. "Het kabinet moet nu echt concreet zijn", seit foarsitter fan it Veiligheidsberaad Hubert Bruls.
14:33

Kuipers: noch te betiid foar beslút oer iepening kultuer

It is noch te betiid om te besluten oft teäters en musea harren doarren aanst iepenje kinne, seit soarchminister Ernst Kuipers. "Het gaat de goede kant op", seit de minister. Mar wat dat presys betsjut foar de keunst- en kultuersektor, kin Kuipers noch net sizze. "Je moet ons die tijd nog even geven."
Minister Kuipers © ANP Foto
14:26

Hieltyd minder coronapasjinten yn sikehûzen

It tal coronapasjinten yn de Nederlânske sikehûzen is fierder nei ûnderen gien. Yn totaal lizze der no 1.148 pasjinten mei it coronafirus yn it sikehûs. Dat binne der 37 minder as tiisdei, sa falt op te meitsjen út de meast resinte sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS). Yn fergeliking mei in moanne lyn is it tal Covidpasjinten yn de sikehuzen de helte minder.
De delgong is folslein ta te skriuwen oan de ferpleechôfdielingen. Dêr lizze no noch 846 coronapasjinten, it leechste tal sûnt ein oktober. Op de intensive cares lizze op it stuit 302 coronapasjinten, likefolle as tiisdei.
Yn de ôfrûne 24 oeren waarden der sân nije coronapasjinten opnaam op de ic's. Op de ferpleechôfdielingen waarden 108 nije pasjinten binnenbrocht.
14:23

By it Fries Museum is der bûten yogales, om't boargemaster Buma it binnen ferbean hie

14:16

Yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits wurdt nautysk gymnasyk jûn as protest

Ferslachjouwer Hayo Bootsma seach by de aksje
13:30

Erasmus MC begjint mearjierrich ûndersyk nei langduorjende Covid

It Erasmus MC giet pasjinten dy't te krijen hawwe mei langduorjende klachten nei harren coronabesmetting meardere jierren folgje. Yn dit ûndersyk wurdt der net allinnich sjoen nei de fysike en mentale sûnens, mar ek nei hoe't de pasjinten harren wurk en sosjale libben wer oppakke.
Pasjinten mei langduorjende Covid kinne harren op de webside fan de stichting C-support registrearje. Yn oktober hiene al hast 10.000 minsken harren meld. Sy kinne fan febrewaris ôf in oprop krije om mei te dwaan oan it ûndersyk.
13:18

Telefoanline faksinstwivelers no ek yn it Arabysk

De Faksinaasje Twiveltelefoan foar fragen oer coronafaksins is fan kommende freed ôf ek beskikber yn it Arabysk, sa lit de inisjatyfnimmer fan it projekt, it Erasmus MC witte. Op freedtemoarn fan 08.30 oant 13.00 oere steane trije studinten genêskunde minsken te wurd dy't fragen stelle wolle oer de coronafaksins.
"Met het aanbieden van het Arabisch hopen we mensen te bereiken die tot nu toe de weg naar de telefoonlijn moeilijk weten te vinden", seit it Rotterdamske sikehûs.
13:14

Mear minsken op en paad nei ferrommingen

Nederlânners litte harren hieltyd faker bûten sjen sûnt de lockdownmaatregels sneon ferromme binne. Se geane faker mei de fyts, auto of it iepenbier ferfier op en paad. Dat docht bliken út sifers fan ov-chipkaartbedriuw Translink en gegevens fan it Nederlands Verplaatsingspanel (NVP), dy't jûn binne troch Dat.mobility.
Op moandei wiene hast 6 persint mear minsken ûnderweis as in wike earder, litte de gegevens fan it NVP sjen.
13:06

Militêren faker ynset by GGD-teststrjitten

De GGD'en freegje om hieltyd mear help fan militêren by it testen op corona, sa lit in wurdfierder fan Definsje witte. Op it stuit helpe 160 militêren yn de Nederlânske teststrjitten. Ferline wike gie it noch om sechstich militêren.
Earder helpen op de XXL-priklokaasje yn Ljouwert ek militêren by de boosterkampanje.
© LEO Middelsé, Lennard Geerts
12:59

Stúdzjes befêstigje: coronafaksins feilich foar froulju dy't yn ferwachting binne

Coronafaksins binne feilich te brûken troch froulju dy't yn ferwachting binne. Dat is noch ris dúdlik befêstige troch ûndersiken ûnder sa'n 65.000 froulju dy't yn ferwachting binne, meld it Europeesk Genêsmiddelsburo (EMA) en de Nederlânske medisynautoriteit CBG. "Dit zijn hele mooie en geruststellende uitkomsten", seit foarsitter Ton de Boer fan it CBG.

"De studies bevestigen dat de coronavaccins geen risico geven op miskramen, vroeggeboorten of andere problemen bij ongeboren baby's", seit it CBG.
12:41

Dochs aksje fan Tryater

Tryater sil woansdeitemiddei dochs aksje fiere. Dat seit Tatiana Pratley, artistyk lieder fan it Fryske teäterselskip. It orizjinele plan wie om in kapsalon te iepenjen yn it gebou, wêrby de akteurs solofoarstellingen opfiere soene. Dat is troch boargemaster Buma lykwols ferbean.

"Wy sille in freedsum protest dwaan. We meie net yn Tryater wat dwaan, mar we meie wol bûten stean. Dus we sille mei alle kappers en klanten dy't harren opjûn hawwe foar de doar fan Tryater stean. Fan dêr út rinne we dan nei it Saailân ta om 15.15 oere", seit Pratley. "We roppe ek oare kultuerleafhawwers op mei te dwaan en sjen te litten dat we kultuer hiel wichtich fine."
Tatiana Pratley fan Tryater
Tatiana Pratley © Maurits Giessen
12:17

Kommersjele testoanbieders sille GGD'en helpe

Kommersjele testoanbieders sille nei ferwachting fan ein jannewaris ôf de GGD'en helpe by it testen op corona. Dat lit in wurdfierder fan Stichtin Open Nederland (SON) witte.
De kommersjele testoanbieders yn Nederlân dy't oansletten binne by SON kinne sa'n 600.000 testen deis ôfnimme. Hoefolle testlokaasjes oft der echt geskikt binne om de GGD'en te helpen kin de wurdfierder noch net sizze.
12:10

Rekôrtal skoallen ticht yn Nederlân

Al twa dagen op rige is in rekôrtal skoallen folslein of foar in part sletten. Dat docht bliken út in rûnfraach fan BNR en út data fan de webside scholenmeldpunt.nl.
Yn jannewaris binne by it meldpunt yn totaal 150 meldingen dien fan besmettingen op skoallen. Op skoallemienskip CSG Liudger, mei lokaasjes yn Burgum, Drachten en Waskemar sitte op it stuit ferskate klassen thús.
Yn totaal giet it yn Nederlân om seker 56 skoallen dy't foar in part sletten binne, sechtjin skoallen binne folslein ticht. It werklike tal leit heger, om't net alle skoallen in melding meitsje.
In hiele klas moat nei hûs wannear't der minstens trije learlingen posityf test binne. It OMT sil freed de hjoeddeiske karantênemaatregels foar skoallen noch ris besjen.
Neffens Joost Vogel fan CSG Liudger moatte de karantêneregels oanpast wurde
11:43

FNP: ek yn 2022 coronastipe lytse maatskiplike inisjativen

De FNP freget oan Deputearre Steaten om troch te gean mei coronastipe foar lytse maatskiplike inisjativen, de saneamde '500-euro regeling'. It docht neffens de partij bliken dat it beskikbere coronajild fan de Provinsje ferline jier net folslein opbrûkt is. Wurdfierder Gerben van der Mei stelt skriftlike fragen om it oerskot op'e nij yn te setten.
Provinsjale Steaten hawwe op 10 desimber in brief krigen oer de regelingen binnen it provinsjale coronastipepakket No en Moarn. Dêrút docht ûnder oaren bliken dat it budzjet fan de stiperegeling fan '500 euro projekten' (oardel ton) skjin opbrûkt is. Lytse maatskiplike inisjativen hawwe it jild graach brûkt. Op oare ûnderdielen binnen it 'No en Moarn-pakket' is lykwols jild oer.
De FNP merkt dat der grut ferlet is by minsken om elkoar wer te moetsjen, ek al is it yn in lytse setting. It provinsjale jild fan de '500 euro-regeling' kin dêrby neffens de partij helpe.
11:26

2020 dramatysk jier foar Groningen Airport Eelde

Groningen Airport Eelde (GAE) hat yn 2020 sa'n 19.000 passazjiers ferfierd. Dat binne dramatyske sifers foar de lofthaven, skriuwt RTV Drenthe. De ôfname fan it tal passazjiers yn fergeliking mei in jier earder wie njoggentich persint en dat is foarser as by elke oare Nederlânske lofthaven. Dat komt trochdat GAE hast folslein ôfhinklik is fan fakânsjeflechten.
© ANP Foto
11:20

Reisadvizen Australië, Kanada en Argentinië oanskerpe

It ministearje fan Bûtenlânske Saken skerpet it reisadvys foar Australië, Kanada en Argentinië oan fan kleurkoade giel nei oranje fanwegen in grutte groei fan it tal coronabesmettingen. Dat skriuwt de NOS. Dizze lannen binne dan, krekt as in soad oare lannen wrâldwiid, 'zeerhoogrisicogebied'.
Dat betsjut dat reizgers by weromkommen yn Nederlân tsien dagen yn ferplichte karantêne moatte. Wol is it tastien om nei fiif dagen in PCR-test te dwaan en bij in negative útslach út karantêne te gean.
Dêrneist moatte reizgers by weromkommen op de lofthaven in negative coronatest sjen litte kinne. Dit wie al ferplicht foar it oanskerpjen fan de reisadvizen.
11:14

Aksje yn Fries Scheepvaart Museum giet troch

De aksje yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits mei fan de gemeente Súdwest-Fryslân wól trochgean. Dat lit it museum witte. Om 14.00 en 15.00 oere kinne maksimaal tweintich minsken dêr in les nautyske gymnastyk folgje.
Hester Postma fan it Scheepvaart Museum
It Fries Scheepvaart Museum yn Snits © Omrop Fryslân, Sian Wierda
10:16

Minister Uslu: begryp foar kultuersektor

10:06

GGD komt wer mei pop-uplokaasjes

De GGD Fryslân begjint fan freed ôf wer mei pop-uplokaasjes foar coronafaksinaasjes. De earste stiet freed yn Feanwâlden yn De Ferbining.
Elkenien fan tolve jier ôf is tusken 09.00 en 16.00 oere wolkom foar in earste of twadde prik. Minsken fan 18 jier en âlder kinne ek harren boosterfaksinaasje helje. Der is gjin ôfspraak nedich.
Earder yn de coronakrisis gie de GGD mei in bus op en paad © Omrop Fryslân
09:32

Mear oerlêst op strjitte

De oerlêst op strjitte is yn de coronapandemy yn de ôfrûne twa jier foars groeid. De plysje is it ôfrûne jier yn Nederlân 536.747 kear útriden foar oerlêst ûnder jongerein, betize persoanen en dak- en thúsleazen, lûdshinder en iepenbiere dronkenskip. Yn 2019 wie dit noch 366.809 kear. Dat docht bliken út sifers fan de Nasjonale Plysje, skriuwt NRC.
De oerlêst op strjitte nimt al tsien jier ta, meast mei sa'n 4 oant 5 persint, mar sûnt de coronapandemy naam it tal ynsidinten mei hast de helte ta. De grutste taname is ûnder jongerein. Ut de plysjesifers docht net bliken wat de oerlêst is.
09:31

'Buma ferbiedt aksjes yn musea en teäters'

Op ferskate plakken yn Fryslân wurdt der hjoed troch musea en teäters aksjefierd tsjin de hjoeddeiske coronamaatregels. De boargemaster fan Ljouwert, Sybrand Buma, hat dat lykwols ferbean, sa seit Rianne Hoekstra fan Club Yoga.
Se soene yn it Fries Museum in yogales dwaan. "Maar het plan is inmiddels wat omgegooid. Het wordt nu buiten, voor bij het museum op het plein", seit Hoekstra.
De aksjefierders fine it nuver dat de kultuersektor noch hieltyd ticht bliuwe moat: "Het is ontzettend sneu dat zo'n groot museum nog steeds dicht moet blijven. Zeker omdat je daar zoveel ruimte kan houden."
Rianne Hoekstra fan Club Yoga
09:30

Goeiemoarn

Wolkom by it liveblog fan woansdei 19 jannewaris oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.