Wurkje oan weromkear yn de maatskippij, trochstreamstudio's foar dakleazen

Yn Ljouwert komme 26 trochstreamstudio's foar minsken dy't yn de dakleaze-opfang sitte. De bedoeling is dat se dêrmei rapper útstreame út dakleazens en op wei holpen wurde nei weromkear yn de maatskippij.
© ANP
De nachtopfang rekket fol en der is in wachtlist foar wenromte, ek foar minsken dy't werom wolle yn de maatskippij. Om mear trochstream yn de opfang te krijen, komme der nije studio's foar tydlike bewenning. De lokaasje is de Oostergoweg yn Ljouwert, yn itselde gebou dêr't de nachtopfang ek sit.
Minsken dy't der te wenjen komme, krije begelieding fan maatskiplike organisaasjes. De oanpak is op tou set troch it Leger de Heils, Limor, Wender en de Fryske gemeenten.

Foar alle Friezen

De trochstreamwenten binne net inkeld bedoeld foar dakleazen yn de nachtopfang. Alle Friezen mei in wen- en in soarchfraach komme yn de beneaming, fertelt Nynke Plantinga fan opfangorganisaasje Wender.
Yn de selsstannige wenromte kinne de minsken yn alle rêst wurkje oan it werstel en it weromkommen yn de maatskippij. De minsken betelje hier en se binne sels ferantwurdlik foar de wenromte.
De ferbouwing ta studio's is op 't heden geande. Doel is dat de earste bewenners der ein april yn kinne.
Nynke Plantinga, Wender