Operaasje Fryske Flagge: Nynke van der Kloet op fakânsje yn Fryslân

Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Nynke van der Kloet út Noarwegen.
© Omrop Fryslân
Dizze kear is de Fries om utens net yn it bûtenlân, mar op fakânsje yn Fryslân. "Efkes in wykje werom, en freed dy kant wer op", seit Van der Kloet. Se komt fan Drachten, en se mist it hjir wol. "Hjir is alles om dy hinne bekend, kinst alles watst hearst ferstean. En alle minsken dy'tst kenst, famylje, freonen, elkenien wennet hjir fansels."
No't se in wike werom is yn Fryslân, wol se safolle mooglik famylje en freonen wer efkes sjen. "Ik ha in hiel skema makke, mar elkenien dy't ik ken wennet yn Drachten, of tichteby. Efkes by beppe del, of heit en mem, ik sliep by myn sus, dus dat is gesellich."

By de boer op it lân

Oan de oare kant is se tige wiis mei it plakje dat se mei har man yn Noarwegen hat. "We hiere in hûske, we wenje by in boer op it lân. We wenje tsjin in boskrâne oan, hûndert meter rinne en we binne yn it bosk. Der rint in grutte rivier by ús del en we ha útsicht op de bergen."
Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse.
Foar't se nei Noarwegen ferhûze, wie se al bekend mei it lân. "Us heit is grut fan fan Noarwegen, dus doe't we noch lyts wienen gongen we gauris mei de auto dy kant op."

Foar de leafde nei Noarwegen

Nynke leit út hoe't it kaam is dat se úteinlik besletten hat yn Noarwegen te 'setteljen'. "Dochs fanwegen de leafde, ik bin troud mei Ramon. Ramon is wol Nederlânsk, mar hy is opgroeid yn Noarwegen."
En Ramon miste syn heitelân. "Hy woe dochs wol wer hiel graach werom nei Noarwegen foar de stúdzje, dus ik sei 'dan dogge we dat'." Nynke hat sels yn Nederlân HR studearre. "Ik doch op it stuit hiel wat oars, ik ha personielssaken studearre. Ik wurkje no yn de berneopfang, yn it wykein wurkje yn de lokale kroech."

Noarsk

Dat helpt wol om de taal rap te learen, fertelt se. "Ik kin my prima fersteanber meitsje yn it Noarsk, út en troch moat ik it noch efkes twa kear sizze." De taal leare fynt se dan ek net hiel dreech. "It falt ta, it hat ek wol oerienkomsten mei it Frysk en it Nederlânsk. En ast der bist hearst it de hiele dei om dy hinne."
Nynke van der Kloet wennet yn Noarwegen