Netbehearder Liander wol ein oan geunstige regeling foar sinnepanielen

De geunstige regelingen foar eigeners fan sinnepanielen moatte ôfskaft wurde. Dat fynt netbehearder Liander, dat de oanfier fan de stream hast net oankin.
Sinnepanielen wurde oanlein op it dak fan in hûs © ANP
Troch de saneamde saldearringsregeling is de fraach nei sinnepanielen neffens Liander sa hurd tanaam, dat it dochs al folle elektrisiteitsnet noch foller rekket.
Mei de regeling krije húshâldens jild foar de enerzjy dy't se wol opwekke, mar net brûke. De stroom giet dan werom nei it elektrisiteitsnet. De oerheid bout de regeling de kommende jierren al ôf, mar Liander wol graach dat dat hurder giet.

Batterijen om stroom thús te bewarjen

Yn stee fan de regeling soenen húshâldens subsydzje krije moatte foar it keapjen fan thúsbatterijen, sadat sinne-enerzjy brûkt wurdt op itselde plak dêr't it opwekt wurdt. Minsken kinne mei sa'n batterij stroom opslaan en brûke op it stuit dat de sinne net skynt.
Sokke batterijen binne al gau 5.000 euro en dêrom kin de oerheid better dêr subsydzje foar beskikber meitsje, is it idee fan Liander.
Liander is de netbehearder yn Fryslân, Noard-Hollân, Flevolân, Gelderlân en in part fan Súd-Hollân. It tal sinnepanielen yn dy gebieten is foarich jier mei 33 prosint tanaam. Sawat 20 prosint fan de húshâldens en ûndernimmers yn dy gebieten hat no sinnepanielen.
Yn in grut part fan Fryslân kinne nije bedriuwen foarearst gjin stroom krije troch krapte op it elektrisiteitsnet. Bedriuwen kinne ek net útwreidzje. Wichtige plakken foar yndustry en bedriuwen - lykas Ljouwert, It Hearrenfean en Wolvegea - lizze yn 'read gebiet', dêr't de problemen it slimst binne.
"Op zonnige dagen pompen al die panelen stroom door de dunne kabeltjes in woonwijken", seit in wurdfierder fan Liander. "Daar is het net helemaal niet op ontworpen. Het past niet."
Om foar te kommen dat kabels trochbrâne en apparatuer yn 'e hûs stikken giet, skeakelje befeiligingsmeganismen dêrom hieltyd faker sinnepanielen út.