Drave troch Dokkum om jild op te heljen foar help by depresjes

Hurdrinne foar jild op de dei dêr't fan sein wurdt dat it de depressyfste fan it jier is, dat dogge twa sportskoalle-eigeners út Dokkum. It jild is ornearre foar help oan minsken mei psychyske klachten.
Jan-Albert hat yn it ferline lêst hân fan in depresje:
Mei-inoar hûndert kilometer hurddrave om oandacht te freegjen en jild op te heljen foar minsken mei in depresje. Dokkumer sportskoaleigeners Jan-Albert Noordstra en syn suster Froukje Noordstra hawwe elts harren eigen motiven om op dizze moandei mei te dwaan oan de Blue Monday Run fan Mind. Dat is in oerkoepeljende organisaasje foar geastlike sûnenssoarch.
It idee om mei te dwaan oan de aksje kaam by Jan-Albert wei. Hy waard yn 2015 doe't er 35 jier âld wie depressyf.
Froukje en Jan-Albert binne eigener fan sportskoalle FIT Dockum. Oare leden en coaches heakken al gau entûsjast oan by de hurdrintocht. It 21-koppige team hat yntusken hast tûzen euro ynsammele, fjouwer kear safolle as de ynstek wie.

Jongeren

De dravers hawwe foaral noed oer de mentale sûnens fan jongerein. Jan-Albert: "Ast tolve of fyftjin jier bist, is it tryst datst dan al mei in depresje te meitsjen hast."
Froukje fernimt oan har dochter dat it yn dizze coronatiid mentaal swier wêze kin: "We fernamen dat se wat somber waard." Neffens Froukje binne der troch de coronamaatregels hieltyd mear jonge minsken dy't mei depresjes te meitsjen krije.
Blue Monday Run yn Dokkum © Omrop Fryslân, Iris Witzenburg
Nei Jan-Albert syn depresje en burn-out duorre it goed in jier foar't er nei eigen sizzen wer de âlde wie. Neffens him is it wichtich om eigen grinzen goed yn de gaten te hâlden en dy bewust te wêzen fan it gefaar fan in depresje.
Untspanning sykje, deroer prate en bewege kin helpe om wer better te wurden. Sa begûn Jan-Albert mei sporten en hat er in sportskoalle oprjochte. By de sportskoalle sjocht er faak minsken mei mentale klachten.
Mei it ophelle jild wol Mind de drompel om help te sykjen foar jongerein leger meitsje. Sa wolle se mear taspitste ynformaasje jaan, in tagonklik telefoannûmer en de mooglikheid fan stipe foar elkenien yn Nederlân. "It is in moai gefoel om te fernimmen dat in protte minsken harren hjir mei-inoar foar ynsette wolle", seit Froukje.
Jan-Albert Noordstra