Nije spilers Sylla en Joosten wolle har sjen litte by SC Cambuur
Mei de komst fan de 25-jierrige oanfaller Patrick Joosten en de 22-jierrige ferdigener Sekou Sylla hat SC Cambuur yn it winterskoft syn seleksje fersterke. It perspektyf fan beide spilers ferskilt nochal.
It giet hurd mei de karriêre fan Sekou Sylla:
De karriêre fan Sylla sit yn in streamfersnelling. Fan de amateurs Excelsior Maassluis gie hy nei TOP Oss. Yn acht wedstriden by de Brabanners hat hy Cambuur oertsjûgje kind en no sil hy dus yn aksje komme yn de earedivyzje.
"Een verrassing voor iedereen"
"Dat ging inderdaad vlot", sa seit Sylla. "In zes maanden van de amateurs naar de eredivisie. Dat heeft me wel verbaasd. Ik heb acht wedstrijden betaald voetbal gespeeld en nu maak ik al de overstap naar de eredivisie. Een verrassing voor iedereen, denk ik."
Sylla wurdt sjoen as de opfolger fan Alex Bangura dy't Cambuur oan de ein fan it seizoen nei alle gedachten ferlitte sil. "Ik ben ook een opkomende back die gas geeft. Ik hoor ze hier al spreken over Bangura 2.0."
Patrick Joosten oer syn oerstap nei SC Cambuur:
Patrick Joosten wurdt troch Cambuur hierd fan FC Groningen. De linkeroanfaller kaam yn Grins net oan spyljen ta en woe graach wat oars. Cambuur kaam foar him yn de merk en de spiler hapte ta, al moast hy dêr wol efkes oer neitinke.
"Ja dat klopt, maar het gevoel was goed, dus heel lang hoefde ik ook niet na te denken hoor. Cambuur liet zien dat ze me graag wilden hebben en ik wilde weg bij Groningen. Op mijn leeftijd is het belangrijk dat ik aan spelen toe kom".
Fleugelspilers wichtich
Yn tsjinstelling ta by FC Groningen binne de fleugeloanfaller by Cambuur hiel wichtich. Dat hat foar Joosten ek meispile by syn kar foar de Ljouwerter klup. "Ik denk dat Cambuur een goede keus is. Als speler wil je wat toevoegen aan het team. Als vleugelspeler kan dat hier. En ik kan ook nog altijd aan de rechterkant spelen."