Romke de Jong (D66): "Riedsferkiezingen wurde mjitmomint foar it kabinet"

Foar koälysjepartij D66 wurde de gemeenteriedsferkiezingen fan takom maart in earste toets fan it kabinetsbelied, fertelt D66-Twadde Keamerlid Romke de Jong fan De Gordyk. "No hear ik te sizzen 'nee', mar fansels is dat sa. Fansels mjitte je dan hoe't je derfoar steane."
De Jong jout oan dat gemeenten boppedat noch hieltyd in soad wichtige beslissingen nimme. "Dus ek foar de lanlike partijen is it wichtich hoe't dy ferkiezingen geane. Eltsenien wol ek graach dat je yn de gemeenten meibestjoere kinne."
Dat seit hy ek út eigen ûnderfining. "Ik haw acht jier lang riedslid west en wit sels ek hoe moai en wichtich it is."

Lokale polityk oan de lanlike talkshowtafels

Foar de gemeentlike fraksjes is it lanlike omtinken foar de lokale ferkiezingen lykwols net altyd noflik, jout fraksjefoarsitter Douwe Kamstra fan Gemeentebelangen Waadhoeke oan. Hy seit dat yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries, yn reaksje op De Jong.
Kamstra: "Somtiden hawwe je lêst fan de lanlike politisy dy't oan de talkshowtafels prate oer de gemeenteriedsferkiezingen."
Argyffoto fan in stimburo yn Sint-Anne © ANP
De bemuoienis kin ek krekt posityf útpakke. "Wy binne as Gemeentebelangen in ûnôfhinklike partij, dus it kin ús ek helpe. Wy kinne in goed alternatyf wêze foar tradisjonele partijen dy't it net goed dogge. Yn it eardere Frjentsjerteradiel koene wy bygelyks altyd goed merke dat as it lanlik mei de PvdA minder gie, wy twa sitten winst hiene."

Problemen foarútskood

Foar Romke de Jong betsjut it feit dat der no in nij kabinet sit net dat hy no yn alle rêst efteroerhingje kin.
De Jong: "Wie it mar sa'n feest. Wy hawwe fansels al hast tsien moannen in soad ûnderwerpen foarút skood as lanlike polityk. No is it tiid om echt oan de gong te gean. Ik bin wiis mei it koälysje-akkoart, dat wie ek echt nedich. Want der lizze in soad problemen."
It nije kabinet kabinet-Rutte IV op it bordes © ANP
Sippy van der Meer is dêr as nije listlûker fan de PvdA yn De Fryske Marren kritysk op. "It is teloarstellend dat je trijehûndert dagen nedich hawwe om út te kommen wêr't je eins al wiene. Je kinne wol wat minsken ferfange, mar de partijen yn de koälysje bliuwe itselde."

Den Haag wurket troch yn gemeenten

Lykas Kamstra sjocht ek Van der Meer dat de polityk yn Den Haag trochwurket yn de gemeentepolityk. "Myn ûnderfining is dat it wêzentlik is hoe't de partij him yn Den Haag profilearret en hoe't it der foar stiet foar de útslach yn lokale ferkiezingen."
Van der Meer hopet dat har eigen partij it de kommende tiid wat better docht. "Ik hoopje dat wy de PvdA faker sjogge. Der wie yn de ôfrûne tiid it meast omtinken foar de regearingspartijen. Wat stipe út Den Haag kinne wy wol brûke."

Betrouwen yn de polityk

Sy wiist ek op it betrouwen yn de polityk, dat sy 'histoarysk leech' neamt. "Je sjogge polarisaasje troch de hiele mienskip. Mei in demisjonêr kabinet binne in soad besluten net naam. En gemeenten sitte op struktureel jild te wachtsjen."
Dat punt erkent De Jong fan D66 ek wol. "Wy merke dat de kosten foar gemeenten omheech geane. Mar der giet wol ekstra jild nei it gemeentefûns, al binne der noch wol soargen oer it ferpartsjen."
Hy wiist ek op Fryske tema's yn it koälysje-akkoart. "De Lelyline, Thialf, de Regiodeals. Mei dat lêste wurde ek projekten op doarpsnivo fasilitearre."