Liveblog | 16 jannewaris

Coronanijs 16 jannewaris: Kultuersektor dwaande mei rjochtsaak tsjin Steat

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • De kultuersektor is dwaande mei in rjochtsaak tsjin de Steat;
  • Romke de Jong (D66) neamt 2G in 'lêste rêdmiddel';
  • De Koninklijke Horeca Nederland kundiget oan dat de hoareka faker protestaksjes fiere sil;
  • Der lizze 1217 minsken mei COVID-19 yn de Nederlânske sikehûzen;
  • Der binne snein 719 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Bywurke: 16 jannewaris, 21:42
snein 16 jannewaris
22:14

Ein fan dit liveblog

Dit liveblog giet op slot. Moarn is der wer in nij liveblog mei al it coronanijs.
21:22

Kultuersektor dwaande mei koart pleit tsjin Steat

De kultuersektor is dwaande mei it tarieden fan in koart pleit of proseduere tsjin de Steat. It giet dêryn om it feit dat winkels wol wer iepen meie, mar musea net.
"Er zijn 85.000 winkels en 450 musea. Waarom mogen die laatsten niet als doorstroomlocatie open zijn", freget Jan Zoet him ôf. Hy is foarsitter fan de taskforce 'culturele en creatieve sector'.
17:17

Burgumse wint fjildriden troch coronabesmetting klassemintslieder

De 17-jierrige Leonie Bentveld fan Burgum hat yn Frankryk it bekerklassemint yn it fjildriden foar junioaren wûn. Se sleepte de winst binnen wylst de klassemintslieder thús siet mei in coronabesmetting.
15:35

Lanlik rekôrtal nije besmettingen

It RIVM hat snein 36.308 nije coronabesmettingen fêststeld. Sûnt it begjin fan de pandemy wienen it der noch nea safolle. Yn Fryslân waarden 719 nije besmettingen meld.
14:39

1217 minsken mei COVID-19 yn it sikehûs

Der lizze snein 1217 minsken mei COVID-19 yn de Nederlânske sikehûzen. Dat binne der twa minder as sneon. Fan harren lizze 311 pasjinten op in ic, tsien minder as in dei earder.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
14:21

Romke de Jong: "2G is lêste rêdmiddel"

D66-Twadde Keamerlid Romke de Jong fynt it in goede saak dat der ferrommingen ôfkundige binne troch it kabinet, al moat dat ek foarsichtich. Dat sei hy yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries.
De Jong: "Wy nimme in risiko troch winkels iepenje te litten. It nije kabinet sjocht nei mear as allinne it tal besmettingen en de sikehuzen, dêr bin ik bliid mei."
Hy hopet dat de hoareka ek gau wer iepen kin. "Dat kin miskien net hjoed of moarn, mar wy hoopje binnen no en tsien dagen wol de oplossing te hawwen wannear't it wol wer iepen kin."

Eigen ferantwurdlikens

De Jong seit fierder: "Wy hawwe ek in eigen ferantwurdlikens yn it omgean mei de maatregels. Op in gegeven stuit binne de mooglikheden wol útput. Guon oare lannen binne hurder. It is goed dat je mei elts rekken hâlde wolle, mar op in gegeven stuit moatte je ek karren meitsje. 2G is in opsje, mar it is foar myn partij wol in lêste rêdmiddel."
"Soks is net wat wy wolle", giet hy fierder, "mar as it net oars kin, dan kinne je dy grutte groep dy't al safolle opoffere hat en him oan alle regels hâldt, net de dupe wurde litte fan in lyts ploechje dy't dêr minder mei hat. Sa'n minderheid kin wol in soad bepale foar in mearderheid."
14:19

Wer drok by De Centrale yn Ljouwert

13:35

MKB-Nederland wol langetermynfisy

Jacco Vonhof van MKB-Nederland seit yn it programma Buitenhof dat der ferlet is fan in langetermynfisy foar ûndernimmers. Neffens him rinne de skulden fan ûndernimmers allinnich mar op. "Het kan bijna niet meer", seit hy dêroer.
Marieke Blom fan ING seit dat it kabinet nei mear as allinnich de sikehûskapasiteit sjen moat. "Wij kunnen gegevens aanleveren over de economie, maar er moet veel meer meegewogen worden. Duidelijkheid is ook belangrijk voor de economie, dan weten ondernemers of ze door kunnen gaan met hun bedrijf of niet."
13:10

Miljard coronafaksins nei earme lannen

De WHO hat bekendmakke dat der sûnt de start fan it saneamde Covax-programma in miljard faksins nei earme lannen stjoerd binne. Dat binne der lykwols folle minder as soe. De WHO is lilk op rike lannen dy't grutte foarriden oanlizze.
© ANP
11:33

Demonstraasje tsjin coronabelied yn Amsterdam

Op it Museumplein yn Amsterdam is snein wer in coronademonstraasje. Dizze kear dogge der ek boeren mei oan it protest. De earste trekkers binna al sinjalearre yn de haadstêd, meldt de NOS. Der binne ek Fryske flaggen te sjen.
Boargemaster Femke Halsema fan Amsterdam hat fan de lokaasjes fan de demonstraasje in feilichheidsrisikogebiet makke. Minsken kinne fûllearre wurde.
10:25

Mear oanhingweinen ferkocht troch coronakrisis

Richard van der Werf fan Jelsum hat noch nea safolle oanhingweinen ferkocht as ferline jier. Dêryn is de ferkeaper net allinne, want de grutte fraach nei oanhingweinen hat alles te krijen mei corona. "Dêrtroch is it gefoel foar my wol hiel dûbeld."
Van der Werf wiist op de coronakrisis as ferklearring fan it grutte ferlet. "Troch corona is it reizgjen fan minsken beheind: sy geane net op fakânsje en bliuwe tichter by hûs. Sy meitsje fan de mooglikheid gebrûk om de tún om te smiten of it hûs te ferbouwen. De minsken dy't dêr foar nedich binne, dy binne faak ek klant by ús: hoveniers, strjitlizzers, boufakkers, skilders."
09:40

'Der komme mear protestaksjes fan de hoareka'

De protestaksjes dy't de hoareka sneon organisearre, sille net de lêste wêze. "Er zullen in de komende dagen zeker meer acties volgen", seit Dirk Beljaarts fan Koninklijke Horeca Nederland tsjin Nieuwsuur.
De direkteur fûn it moai dat in protte boargemasters de aksje tastienen en dat der klanten op ôfkamen. "Dat laat ook zien dat het kan, zo hoort het straatbeeld er ook uit te zien."
Beljaarts hopet dat it kabinet net tsien dagen wacht om bekend te meitsjen wat der mei de hoareka, kultuer en eveneminten barre sil, mar al earder ta in beslút komt.
09:30

Wolkom

Wolkom by it liveblog fan snein 16 jannewaris oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.