'Proporsjoneel tafersjoch' op hoarekaprotest: "It is gjin grutte rebelly"

Hoewol't tal fan Fryske hoarekasaken sneon iepenje as protest, liket it der op dat der gjin strange hanthavening is.
Sjoch nei de bylden:
"Wy hâlde tafersjoch, mar proporsjoneel. Wy sinjalearje en as it nedich is geane wy it petear oan. Men seit ek dat it net in grutte rebelly is", seit boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke.
Hylke van der Werf fan ytkafee Thús Drachten docht mei oan de aksje. Hy is begjinnend ûndernimmer. "Wy hawwe no offisjeel twa jier de kaai, mar ik tink dat wy like lang ticht west hawwe as iepen. Dat is in djoer grapke."

"Net mear mei de hân omheech"

Hy demonstrearret benammen tsjin de maatregel dat de hoareka ticht bliuwe moat. "Offisjeel binne wy ticht, mar sneon efkes iepen. Der binne mear ûndernimmers yn Drachten dy't dat dogge. Wy wolle net mear mei de hân omheech, mar it sels fertsjinje."
Hylke van der Werf fan ytkafee Thús Drachten
Dêrom binne sneon de doarren iepen. "Wy hawwe berjochten krigen dat it in soarte fan 'duld' wurdt. Wy hoopje dat wy gjin boete krije en dat dizze freedsume aksje trochgean kin. Sa besykje wy gewoan ús ding te dwaan."
Ytkafee Thús Drachten © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn gemeente Waadhoeke dogge guon hoarekasaken de doarren ek iepen. Dat bart bygelyks yn Dronyp, Deinum, Marsum en Aldebiltsyl.
Boargemaster Marga Waanders fan gemeente Waadhoeke seit dat se gjin sicht hat op it tal saken dat iepen giet. "Ik hâld der kontakt oer, it is net in massale beweging. Ik tink dat it meigiet mei de rest yn Fryslân", seit de boargemaster.

Meibewege

"Freed waard sein dat der net hanthavene wurde soe yn Waadhoeke, mar dat is fansels net oan de oarder", ûnderstreket Waanders. "Elkenien begrypt dat we wol sinjalearje en it petear oangeane. It kin net sa wêze dat wy as oerheid sizze: it regear hât dit ôfpraat, mar wy dogge wat oars."
Boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke © Omrop Fryslân
Dochs tinkt Waanders dat it sneon rêstich bliuwt yn Waadhoeke."Ik gean derfan út dat it byld rêstich bliuwt. De kâns is grut dat as we goed meibewege, dat ek de ûndernimmers yn de hoareka en de kultuer sa gau as mooglik iepen kinne."
Boargemaster Marga Waanders oer de hanthavening yn Waadhoeke
Boargemaster Sander de Rouwe fan Kampen, dy't oant koartlyn noch deputearre fan Fryslân wie, stipet yn syn gemeente hoarekaprotesten en toant dit ek op sosjale media. De Rouwe jout oan dat hy de aksjes wêrby't kafees en restaurants de doarren iepenje stipet, as se mar wol rekken hâlde mei de basismaatregels.

Waanders ferwachtet gjin boeten

Waanders wol lykwols net sa fier gean. "It ferskil is dat in boargemaster nea sizze sil net te hanthavenjen. Want stel dat it earne út 'e klauwen rint, dan krije je dêr diskusje oer. Wy hawwe noch nea hân dat der wat slims barde, dat sil sneon ek net barre. Ik ferwachtsje net dat der boeten útskreaun wurde. As der wat te rêden is, kinne je sizze: tink der om. Mar as it echt út de hân rint, moatte je ek wat efter de hân hawwe."
© ANP
In oare aksjefierende ûndernimmer is Marinus Maat fan kafee Gewoan Marinus yn Ljouwert. "Ik ben me aan het voorbereiden om te openen. Alles even klaarzetten om de maatregelen wel te handhaven, zoals de desinfectie", seit hy sneon tusken de middei. "We willen het wel in goede banen te leiden. Het is meer een protest tegen de sluiting dan een protest tegen de maatregelen."
Undernimmer Maat neamt de coronakrisis 'hiel, hiel swier.' Hy seit: "Beginnende ondernemers krijgen geen tegemoetkoming in de lasten."

'Net út rebelly, mar as statement'

Hy iepenet syn kafee allinne sneon. "Niet uit rebellie, maar om een statement te maken: we kunnen het wel. We zijn in die staat van paraatheid dat we snel kunnen schakelen. Een negatieve test laten zien, QR-codes controleren, afstand houden, het is allemaal mogelijk. Het is eigenlijk niet zo moeilijk om het goed te organiseren."
Marinus Maat fan kafee Gewoan Marinus yn Ljouwert
Benaud foar hanthavening is Maat net. "Omdat het een bewuste keuze is. Met voorbedachte rade ben ik open, het is niet stiekem. De gasten zijn er zich ook van bewust en we gaan om 20.00 uur gewoon dicht."