Arno Brok wol ferromming foar hoareka en kultuer: "It lykwicht is fuort"

Kommissaris fan de Kening Arno Brok fynt dat it lykwicht tusken coronamaatregels fuort is. "Der is is sa stadichoan in disbalâns. Wy libje yn in ryk lân en hawwe it goed. Mar dit is al hast twa jier." Brok wol benammen mear romte foar hoareka en kultuer.
© Omrop Fryslân
"It is net allinne it belang fan de sûnenssoarch, mar ek dat fan it ûnderwiis, de ekonomy, de kultuer. It is net mear yn balâns, noch los fan wat it psychysk docht mei minsken", seit Brok.
De kommissaris kin him dan ek fine yn it statement dat de noardlike boargemasters woansdei mei-inoar nei bûten brochten, dat ek al pleite foar mear lykwicht tusken coronamaatregels.

Hoareka en kultuer

"Ik bin fan betinken dat der foar de kultuer en hoareka fuortendaalks mear romte komme moat", seit Brok. "Wêrom kin der net mei tiidslotten wurke wurde yn in museum? Wêrom kinne teäters net iepen? Dat begryp ik net."
Neffens Brok is it net út te lizzen dat yn België alle musea iepen bleaun binne en hjir alles ticht smiten wurdt. "Al is it ek goed dat elts lân syn eigen belied fiere kin."
Brok hopet dat it kabinet 'as it heal kin' oer oardel wike mei nije ferrommingen komt:
Brok fynt benammen dat it lânsbestjoer te min debattearret oer de kultuersektor. "It belang fan kultuer en in fitaal kultuerbelied leit lanlik te min op tafel. Dat is écht net goed. Want kultuerbelied seit echt wat oer de beskaving fan de maatskippij. It is de humus foar de mienskip."

Noed oer kultuer

It nije kabinet hat kultuer net mear by in minister, mar by in steatssekretaris ûnderbrocht. Dêrtroch is Brok der benaud foar dat kultuer minder omtinken krijt yn de Trêveseal. Brok is oan de oare kant wol bliid dat der mear ferkaat yn it nije kabinet sit. "Us Aukje de Vries sit der ek yn. En minsken fan bûten de polityk. Dat is in goede saak."
Ik bin ek coronawurch. Ik haw ek skjin myn nocht.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok
Dat de rek der by in soad minsken út is, ûnderfynt Brok sels ek. "Ik bin ek coronawurch. Ik haw ek skjin myn nocht", seit hy. "Mei de krystdagen soe ik myn heit, mem, suske, sweager en omkesizzer op besite krije. Mar dat koe net, want dat is mear as fjouwer. Dat is net leuk."
Eltse boargemaster moat yn de Veiligheidsregio genôch romte ha foar eigen hanthavening, fynt Brok:
Hanthavening fan de coronamaatregels soe neffens Brok foaral 'proporsjoneel' wêze moatte. Brok fynt dan ek dat boargemasters de frijheid krije moatte om grinzen te bepalen mei de 'lokale trijehoeke': de boargemaster, plysjesjef en offisier fan justysje.

Boargemasters moatte de romte krije

Brok: "Eltse boargemaster moat de romte hawwe om te sjen wat mei en wat net. De situaasje yn Hearrenfean kin oars wêze as yn Opsterlân. Wy besykje it yn Fryslân wol safolle as mooglik mei-inoar te dwaan. Wy hawwe yn Fryslân tûke boargemasters. Dy sille hanthavenje as it nedich is, mar in oerheid is der ek net om minsken te pleagjen."
Oan de oare kant moatte der dochs earne grinzen steld wurde, fynt Brok. "De oerheid moat ek in noarm stelle."
Kommissaris Brok sjocht tal fan kwestjes dy't de kleau tusken boarger en bestjoer fergrutsje:
Brok moat wol erkenne dat troch allerhanne foarfallen it betrouwen fan boargers yn de oerheid skeind is. Hy wiis op it nijs dat it bliken die dat der gjin juridyske basis wie om opfang fan asylsikers ôf te twingen by gemeenten. Dat wylst demisjonêr steatssekretaris Broekers-Knol earst oanjoech dat gemeenten wol foar needopfang soargje móasten.

Tasein is tasein

In oar foarbyld is de gaswinning yn Grinslân. Minister Blok makke yn syn lêste dagen bekend dat der dochs nije gasboarringen nedich binne. "Dat beslút is net út te lizzen omdat der al in tasizzing wie dat dit net barre soe. Dan wurdt it juridysk benei kaam, mar dat is net goed foar it betrouwen."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Arno Brok.
Benaud dat der no ek nije gaswinning ûnder de Fryske Waadsee komt, is Brok net. "Wy moatte hoop hâlde. Wy moatte ús wrâlderfgoed net fergrieme." By Ternaard is men dêr lykwols troch de situaasje yn Grinslân net mear sa wis fan.
De kommissaris jout oan dat de provinsje der alles oan docht om ynwenners by belied te belûken. "Wy moatte derfoar soargje dat de 'famylje Jonker fan Jobbegea' it ek begrypt."

Oerheden moatte better as ien oerheid wurkje

Oerheden dogge it ek ûnderinoar net altyd goed, konkludearret Brok. "Wy moatte wurkje as ien oerheid. Ik fyn de balâns tusken de oriïntaasje op de Rânestêd en de regio net goed. Ik haw sân jier boargemaster fan Dordrecht west. Earlik is earlik: as je tichter by de Rânestêd binne is it makliker binnenkommen yn Den Haag."
De cartoon fan Gerco van Beek oer Arno Brok © Omrop Fryslân