Kappers wer iepen: "Hearlik om wer fan de klanten te hearren, dêr knappe we fan op"

De kappers meie fan sneon ôf wer iepen. Brânsjorganisaasje ANKO is bliid mei de ferromming fan de regels. Dy hat der wikenlang foar striden om dit foar mekoar te krijen.
Kappers meie wer iepen:
Neffens de ANKO kin mei mûlkapkes op en mei in ôfspraak yn it foar wer feilich wurke wurde.
By Kapsalon Avenue op De Gordyk kin de flagge wer yn de top. Freed knippe alle meiwurkers elkoar, sadat se der wer represintatyf útsjogge op harren 'earste' wurkdei.
"Ik sei tsjin de froulju: 'kom mar lekker hjoed', moarn meie we wer los en dan steane wy der yn elts gefal wer fleurich op. We binne der klear foar", fertelt Carla van der Meer, eigneres fan de kapsalon.

'Dizze lockdown wie swierder'

De lockdown hat djippe wûnen slein by de kappers en harren meiwurkers. "Ik kin dat eins net omskriuwe hoe swier it is om te wachtsjen op it nijs datst wer iepen meist."
Van der Meer fernimt oan har meiwurkers dat dizze tredde lockdown folle swierder wie. By de eardere lockdowns lekte it earder út dat we wer iepen mochten, no duorre it hiel lang. De stress dy't dan troch je lichem giet, dat is net te beskriuwen."
De kapster is fansels tige wiis dat de salon wer iepen mei, mar ek dat betsjut sa no en dan stress. "Yn prinsipe wit ik pas freedtejûn echt oft ik sneon iepen mei. Guon meiwurkers hawwe bern, dy moatte dan ynienen in oppas regelje. En se moatte der ek wer stean foar de klanten, ek al hawwe se it de lêste fjouwer wiken swier hân."

Mentale sûnens

Sneon sil de kapsalon om sân oere moarns iepen. De hiele dei ha klanten belle oft se terjochte kinne. "Sa hearlik om wer fan de klanten te hearren, dêr knappe we fan op."
Neffens Van der Meer is in knipbeurt krije ek hiel goed foar de mentale sûnens fan de minsken. "Se komme hjir del, kinne efkes ûntspanne en fertelle har ferhaal. Dêrnei geane se wer mei in kreas kapsel de doar út. Dat docht de minske wat, hielendal yn in lockdown."
Ek al meie kappers fan sneon ôf wer iepen, Van der Meer is noch net gerêst. "We libje noch hieltyd yn spanning, oant hoe let meie we iepenbliuwe? Moatte we nochris ticht?" Finansjeel rêdt Van der Meer har wol, it giet har folle mear om it mentale part fan in lockdown.

Oprop

Van der Meer docht dérom in oprop oan it regear: "Se moatte wat my oanbelanget ophâlde mei tinke fan lockdown nei lockdown en fan parsekonferinsje nei parsekonferinsje. Wy, mar ek alle oare ûndernimmers, moatte witte wêr't we oan ta binne."
Kapster Carla van der Meer fan in kapsalon op De Gordyk: