Stadichoan pakke Fryske sikehuzen reguliere soarch wer op: de knibbels earst

Fryske sikehuzen begjinne wer mei it útfieren fan de reguliere soarch. It giet mei lytse stapkes. Lang net alle behannelingen en operaasjes kinne al dien wurde, sa litte wurdfierders witte.
Dit binne de maatregels dy't sikehuzen treffe:
Yn alle Fryske sikehuzen waarden de spoedoperaasjes útfierd. Oare yngrepen koene net trochgean fanwege kapasiteitsproblemen.

Knibbels en heupen foarop

No't der wer romte is, wolle se yn it MCL yn Ljouwert as earste oan de slach mei ortopedyske yngrepen, seit wurdfierder Gerard Akkerman: "Het vervangen van knieën en heupen staat voorop. Dat is waar we snel in kunnen opschalen."
Der wurdt benammen sjoen nei medyske urginsje: "Onze artsen en specialisten gaan de wachtlijsten door en kijken naar de mensen met de ernstigste klachten."

It bliuwt noch spannend

Oare yngrepen, lykas minsken dy't in lytsere mage hawwe wolle, kinne noch net ynpland wurde. "Wanneer we daarmee beginnen, kan ik nog niet zeggen", seit Akkerman. "Wij hopen zo snel mogelijk. Iedere mogelijkheid die er is, proberen we in te vullen om mensen te helpen. Maar het moet wel kunnen."
It bliuwt ek noch spannend, sa seit Akkerman. Yn it sikehûs hienen se de hoop dat it tal coronapasjinten rapper leger wurde soe as no it gefal is.
In operaasje oan de knibbel © ANP
Yn it Antonius yn Snits binne se ek drok mei de planning. Dêr rjochtsje se har as earste op de deiferpleging.
It giet dan om lytse operaasjes, seit koördinator wachtlisten Wybren de Graaf: "Personeel dat op die afdeling werkt is relatief vaak ingezet bij de covid-zorg. Zij komen weer beschikbaar en dus krijgen we daar ruimte. Verder kijken we naar kinderen die op de lijst staan. Denk dan aan ingrepen bij een KNO-arts."

Hiel lang op de wachtlist

Yn Nij Smellinghe yn Drachten hawwe se wer mear operaasjekeamers beskikber. Foar de ekstra operaasjes dy't se útfiere wurdt sjoen nei minsken dy't al hiel lang op de wachtlist steane foar in galblaas- of ljisbreukoperaasje.
By sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean binne se ek dwaande mei opskaling. It giet om plande operaasjes en ek om it fuortwurkjen fan ortopedyske wachtlisten.
Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Foar alle sikehuzen jildt dat de fierdere opskaling ôfhingt fan de beskikberens fan personiel. "Dat is spannend", seit De Graaf fan it Antonius. "Als het aantal besmetting toeneemt zal dat ook ons personeel treffen. Dat beperkt wat je kunt doen."

Karantêneregels

Dat wie foar sikehûs MCL reden om krekt lykas oare sikehuzen advys te freegjen oer de karantênemaatregels foar personiel. Akkerman: "Met de huidige quarantainemaatregelen kan het zo zijn dat een compleet zorgteam thuis zit. We hebben dan ook advies gevraagd of iets soepeler of op een andere manier met de regels kunnen omgaan."