Undersyk nei Alzheimer klear: Dirk Baron makke wichtige útkomsten mooglik

It Alzheimerûndersyk dat mooglik waard troch de donearaksje foar âld-meiwurker fan Omrop Fryslân Dirk Baron, is klear. Begjin 2018 krige it Alzheimercentrum Amsterdam in sjek fan 17.000 euro. Dat bedrach is ophelle neidat Dirk Baron (1980-2017) ferstoar oan de sykte.
Dirk Baron (1980-2017) © Omrop Fryslân
Undersykster Baayla Boon út Noard-Hollân hat de ôfrûne seis jier yn gearwurking mei it Alzheimercentrum Amsterdam en de ôfdieling patology fan it Amsterdam UMC wurke oan in promoasjeûndersyk dat al ferskate trochbraken oplevere.
Sa kin der ynkoarten mei in simpele bloedtest sjoen wurde oft immen de sykte fan Alzheimer hat.

Alzheimer is net by elts itselde

Mar ien fan Boon har wichtichste konklúzjes is dat de sykte Alzheimer net by eltsenien itselde is. "Patiënten kunnen klachten hebben met het geheugen, maar er is ook een groep patiënten die veel meer atypische klachten heeft. Zoals problemen met het spreken, gedrag of zicht."
Der waard altyd tocht dat ferskate pasjinten der ûnder de mikroskoop itselde út seagen. Boon: "Ik heb gevonden dat dit niét het geval is en dat er dus verschillende subtypen zijn."
Undersykster Baayla Boon oer har proefskrift en Dirk Baron
Dizze konklúzje is tige wichtich foar de syktocht nei medikaasje foar de sykte, want elts type soe wer op in oare wize behannele wurde moatte. "Onder de microscoop zien de patiënten er anders uit, dus ik denk ook dat je niet één pil zult vinden voor alle patiënten."

Wichtige stappen

De resultaten helpe dus om pasjinten te werkennen. "Je moet eerst de patiënten tijdens het leven beter categoriseren, zodat je ook beter kunt kiezen welk medicijn je op wie gaat testen en hopelijk ook een werkend middel vindt." Ek kin der nij ûndersyk dien wurde nei hoe't de sykte him ûntwikkelet.
Dirk Baron © Omrop Fryslân
De ynsammelaksje fan Dirk Baron hat essinsjeel west foar it ûndersyk, fertelt Boon. "Dirk Baron had ons benaderd omdat hij zelf de ziekte van Alzheimer had en hij besloten had dat hij zo niet verder wilde. Hij wilde ook nog iets goeds met deze ziekte doen."

Dirk Baron woe him ynsette tsjin de sykte

Baron woe graach syn harsens donearje. "Daar waren wij hem heel dankbaar voor, maar we zeiden ook dat het wel heel waardevol was om iemand ook tijdens het leven nog te zien. Want dan kunnen we dat linken aan wat we kunnen zien onder de microscoop."
Fjouwer dagen foar syn ferstjerren kaam Baron nei it Alzheimercentrum Amsterdam. "Daar heeft hij veel onderzoeken ondergaan, waaronder een MRI-scan van de hersenen. Vier dagen later overleed hij en toen hebben we weer zo'n MRI-scan gemaakt. Daarmee konden we voor het eerst in de hele wereld bekijken wat het verschil is."
Toen keek ik 'm aan en dacht ik: hoe kun je nu nog meer doen dan je hersenen doneren?
Undersykster Baayla Boon
Dirk Baron frege doe ek wat hy noch ekstra bydrage koe oan it ûndersyk. Boon: "Toen keek ik 'm aan en dacht ik: hoe kun je nu nog meer doen dan je hersenen doneren? Dus ik wist het eigenlijk niet. Hij vroeg toen of we geld nodig hebben. Dat hebben we natuurlijk altijd nodig voor onderzoek. Dus toen besloot hij op zijn begrafenis geld in te zamelen tegen de ziekte van Alzheimer."
Dirk Baron en syn húshâlding © Omrop Fryslân
Freed hat Boon de ferdigening fan de proefskrift, mar dêrnei is it noch net klear. Boon hat mei it ûndersyk in nij type ôfwiking fûn yn de harsens. "Dat was wel bijzonder omdat we al meer dan 100 jaar kijken naar deze ziekte. Ik wil daarom dit type meer onderzoeken en ga daarvoor de komende twee jaar naar Florida om dat te doen."