Ljouwerter heechlearaar Van den Berg foar de VVD nei Earste Keamer

Hy hie it sels eins hielendal net ferwachte, want hy stie pas op nûmer 16 fan de kandidatelist, mar de Ljouwerter heechlearaar Caspar van den Berg komt foar de VVD yn de de Earste Keamer.
Caspar van den Berg © ANP
De VVD hat tolve sitten yn de senaat, mar twa leden fan de Earste Keamer-fraksje ha in funksje krigen yn it nije kabinet: Eric van der Burg is steatsekretaris foar asyl en migraasje, Micky Adriaansens minister fan Ekonomyske Saken.
"Ik ben er heel blij mee," seit Van den Berg sels. "Ik vind het mooi werk en ik kan het combineren met mijn werk in Friesland. Ik sta te trappelen om te beginnen. Ik ben al lang lid van de VVD, maar heb nooit eerder heel sterke politieke functies bekleed. Ik ben wel altijd actief geweest in het wetenschappelijk bureau van de VVD."

Op en del tusken Ljouwert en Den Haag

Van den Berg waard yn 1980 yn Angerlo (Gelderlân) berne. Hy is no in heale Ljouwerter: bûten coronatiid reizget er foar syn wurk as heechlearaar by de Campus Fryslân tusken Ljouwert en syn offisjele wenplak Den Haag.
By Campus Fryslân is Van den Berg spesjalisearre yn polityk en bestjoerskunde. "In de jaren voordat ik aan de RUG werkte heb ik veel onderzoek gedaan naar de Haagse politiek. De relaties tussen het parlement en de regering, bijvoorbeeld. Nu krijg ik de kans om als insider perspectief te krijgen", seit Van den Berg.
Hy hat him ek dwaande holden mei de ferhalding tusken stêd en plattelân. "Of dat genoeg doorklinkt in Den Haag en of het beleid wel aansluit bij de opgaven voor het platteland."

Wetjouwing yn de regio

Yn de funksje fan Earste Keamerlid wol Van den Berg ekstra omtinken jaan oan hoe't wetjouwing yn Den Haag útpakt foar de regio. "Daar zit wel een opgave: snapt men wel wat er gebeurt in de gebieden waar minder politici vandaan komen? Veel mensen hebben het gevoel dat dit niet zo is. En er zijn genoeg voorbeelden waaruit blijkt dat er met een Randstedelijke bril naar de problemen van Nederland gekeken wordt."
Caspar van den Berg
Hy sil ien dei yn de wike minder wurkje yn Ljouwert, sadat er op tiisdei de gearkomsten fan de Earste Keamer bywenje kin.
Van den Berg is op dit stuit it fjirde 'Fryske' Earste Keamerlid, njonken Joop Atsma (CDA, fan Surhústerfean), Tineke Huizinga (CU, fan It Hearrenfean) en Peter van der Voort (D66, fan Boksum).
Ek Ferd Crone (PvdA, Haarlem) de eardere boargemaster fan Ljouwert, sit yn de Earste Keamer. Gerben Gerbrandy fan Gau hold ein 2020 op as senator foar de Unôfinklike Senaatsfraksje (OSF).