Besmettingen ûnder jongerein rinne rap op, 'boostereffekt' sichtber by 60-plussers

It tal besmettingen ûnder jongerein is de ôfrûne wike rap tanommen, wylst by de 60-plussers de besmettingen troch de boosterprikken weromrinne. GGD Fryslân hat dizze wike goed 37.000 boosterprikken set, dêrmei binne der no mear as in miljoen prikken set yn Fryslân.
In 60-plusser krijt in boosterprik © ANP
Yn de ôfrûne wike hat de GGD yn Fryslân 6.131 positive testen fêststeld, tsjin 3.567 positive gefallen yn de earste wike fan 2022. De groei is yn hast alle leeftiidsgroepen werom te sjen, útsein by de 60-plussers.

'Boostereffekt'

GGD Fryslân doart by dizze groep no te sprekken fan in 'boostereffekt'. De groep 60-plussers is neffens de GGD grutdiels op 'e nij faksinearre en it boosterfaksin is yntusken ek wurksum.
De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De groei fan it tal besmettingen leit dan ek by oare leeftiidsgroepen. Benammen yn de groepen fan 12-18 jier en 18-30 jier sjocht de GGD in soad nije besmettingen. Yn de earste groep waarden de ôfrûne wike hast 80 persint mear besmettingen fêststeld as in wike lyn, by de groep fan 18 oant 30 jier giet it om in groei fan 67 persint.

Miljoenste prik

Sûnt dizze wike kin op alle Fryske priklokaasje sûnder ôfspraak in prik helle wurde. GGD Fryslân hat dizze wike 37.742 boosterprikken set, dêrmei komt it totale tal prikken op 1.023.521. De GGD hat yntusken goed 268.000 boosterprikken set.