Buma oer oprop oan Den Haag: "Gjin protest, mar sinjaal ôfjaan"

"It wie swier, it wie lang. No is it tiid om te sjen hoe't we wer iepen kinne." Dat is it boadskip dat tal fan boargemasters oan it kabinet jaan wolle.
Sybrand Buma © ANP
"We ha no fjouwer wiken lockdown hân", seit boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. Yn in oprop freegje ferskate gemeenten oan it regear om te sjen hoe't de effekten fan de maatregels better ferdield wurde kinne.

Sinjaal

"Neffens my begripe de minsken wol dat de lockdown nedich wie, mar we sjogge wol dat de grins berikt is. Dat sinjaal wolle de noardlike gemeenten jaan wolle oan Den Haag."
De lockdown dy't no jildt docht by de measten mear pine as eardere lockdowns, fernimt ek Buma. "De measte ûndernimmers gongen der net mei in goede posysje yn. En dat jildt foar ûndernimmers, mar ek de detailhannel, hoareka en de kultuersektor."

Iennige lân yn Europa

Boppedat is de ferhâlding soms wat syk. "Je kinne op wintersport, je kinne nei Antwerpen ta. We binne op it stuit it iennige lân yn Europa mei sa'n hurde lockdown. De omikronfariant is wol folle besmetliker as de eardere farianten, mar yn it bûtenlân sjogge we ek dat de druk op de sikehuzen minder heech is as yn eardere perioades."
De mienskip moat wer iepen. Miskien yn stapkes, mar we moatte wol dy kant wer op.
Sybrand Buma
De oprop fan de noardlike gemeenten moat net sjoen wurde as protest, seit Buma. "Mar der binne safolle sinjalen dy't ús dúdlik meitsje dat de rek derút is. Dêrom wolle we ús minge yn it debat. De mienskip moat wer iepen. Miskien yn stapkes, mar we moatte wol dy kant wer op."
Oft 'Den Haag' nei Buma en syn kollega's yn it Noarden harkje sil, doart de boargemaster net te sizzen. "Miskien kin it wol net. Mar ik leau dat mei sa'n dúdlik lûd it regear begrypt dat der feroaring komme moat. Corona ferslaan mei in folsleine lockdown giet net langer."