HEA! De Stal fan Hylpen

It is in prachtgesicht as Gerben en Klaske de Vries mei Frysk hynder-en- wein troch Hylpen rinne. Al 35 jier hawwe se hjir in fokkerij mei Fryske hynders: de Stal fan Hylpen. De passy foar it Fryske hynder by beide is grut. Heit De Vries is hjir eartiids mei úteinset. Hy seach in fôle op de Jouster merk en sa is it begûn. Dy fôle groeide út ta stammem Inngrid, en alle hynders op de fokkerij stamje fan har ôf. Sa ek Herre 524: dizze hynst docht dit jier foar it earst mei oan de hynstekeuring.
De Fryske hynders fan de Stal fan Hylpen