Doarpskafee Wommels te keap: "Wer opbouwe hawwe we de puf net mear foar"

Doarpskafee It Reade Hynder yn Wommels stiet te keap. Eigeners Henk en Adriana Metzlar wienen foar de coronatiid al begûn mei it útdielen fan flyers oan gasten om de ferkeap ûnder de oandacht te bringen.
Yntusken ha se ek in makeler ynskeakele om it ymposante gebou oan de man te bringen:
In gebou is hast 150 jier âld. Der is plak foar twahûndert gasten. De eigeners hiene noch wol takomstplannen. Sa woene se der in iepen keuken yn meitsje.
De coronakrisis is de safolste weromfal dy't se foar de kiezzen krije. Earst it smookferbod, dêrnei de maatregels nei de kafeebrân yn Volendam en it ferheegjen fan de minimumleeftiid foar it drinken fan alkohol. Eigener Henk Metzlar hat de moed ferlern: "Wer opbouwe hawwe we de puf net mear foar. It is wol goed sa. No mei in oar wol."
It kafee stiet ûnderwilens te keap by in makelder. Dy sjocht der wol brea yn. Hy hat in stik of fjouwer kafees yn de ferkeap en der is fraach nei, seit Gerrit Bleeker.