Thialf oanwiisd as ‘algemien ekonomysk belang’ om stipe mooglik te meitsjen

It stypjen fan Thialf is mooglik troch de topsportiisbaan oan te wizen as Service of general economic interest. De provinsje Fryslân hat dat ôfpraat mei de Europeeske Kommisje.
Argyffoto fan Thialf © ANP
De Twadde Keamer hat Thialf ein ferline jier 1 miljoen euro subsydzje tasein. Dat wie tsjin it sin fan de eardere steatssekretaris fan sport Paul Blokhuis (ChristenUnie). Neffens him soe de stipe fan it Ryk delkomme op steatsstipe en yn striid wêze mei de Europeeske regels.

Oplossing socht

Provinsje Fryslân hat altyd kritysk west op dizze redenaasje en is oanslutend op syk gien nei in oplossing. Troch Thialf oan te wizen as 'tsjinst fan algemien ekonomysk belang' kinne provinsje, gemeente en Ryk Thialf in fergoeding jaan foar de tsjinsten dy't de iisbaan leveret.

Sinnepanielen wer oan

Ek subsydzje foar it oanpassen fan it dak, wêrtroch't de sinnepanielen wer oanset wurde kinne, kin neffens de provinsje mei dizze konstruksje regele wurde.
Provinsjale Steaten moatte hjir noch wol grien ljocht foar jaan. De sinnepanielen binne earder útset, omdat de fersekeringsmaatskippij fan Thialf de konstruksje as brângefaarlik bestimpele. Deputearre Friso Douwstra giet der fanút dat de sinnepanielen noch foar de simmer wer wurkje kinne.
Thialf oanwiisd as ‘algemien ekonomysk belang’ om stipe mooglik te meitsjen
De Provinsje Fryslân en de gemeente Hearrenfean binne as oandielhâlders fan Thialf ek ferplichte om Thialf te stypjen as de iisbaan reade sifers skriuwt.
Troch de sinnepanielen wer wurkje te litten wurdt it strukturele tekoart fan de iisbaan wol lytser. De stipe fan it Ryk is benammen ornearre foar de nedige ferfangingsynvestearringen.

Njonken iepenbier ferfier en post

Yn de Europeeske Uny wurde tsjinsten as iepenbier ferfier, de post en sûnenssoarch gauris oantsjut as tsjinst fan algemien belang om stipe troch de oerheid mooglik te meitsjen. Tsjinsten foar algemien ekonomysk belang hearre tagonklik te wêzen foar alle boargers, ek foar kwetsbere groepen.
De sinnepanielen op it dak © ANP
Tsjinst foar algemien ekonomysk belang wurde je net samar. Der is in tsjok boek mei spulregels dêr't sa'n ynstelling oan foldwaan moat. Deputearre Friso Douwstra is bliid dat dit yn it gefal fan Thialf slagge is.
"Yn Europa jilde no ienkear regels foar stipe oan kommersjele bedriuwen en dy binne der net foar neat. Mar, as je sjogge nei de sifers fan de lêste jierren, is Thialf net super-kommersjeel. Dat Ryk, provinsje en gemeente Thialf no stypje kinne as tsjint foar algemien ekonomysk belang is hartstikke moai."
Deputearre Friso Douwstra oer de status fan Thialf as 'tsjinst fan algemien ekonomysk belang'