Reedrydtalinten dreame fan merkteam en wrâldbeker: "Folgjend seizoen al"

Wylst Femke Kok en Antoinette de Jong harren it ôrûne wykein kroanden ta Europeesk kampioen reedriden, fochten de A-junioaren yn Grins om de nasjonale titels. Mei by de manlju twa Fryske kânshawwers: Gert Wierda en Tim Prins.
De Fryske reedrydtakomst yn aksje yn Grins:
Prins fan De Jouwer is noch mar earstejiers A-junior, mar wûn dit seizoen al seis medaljes yn it wrâldbekersirkwy. De 19-jierrige Wierda fan Burdaard waard earder dit seizoen sels al njoggende op de 1.500 meter op it NK ôfstannen by de senioaren.
It binne de Fryske reedrydtalinten fan it momint. "Dit zijn wel de namen, ja", seit coach Peter Kolder. "Samen met Jildou Hoekstra bij de dames. Dat is echt een meid voor de sprintafstanden. Die ontwikkelt zich ook fantastisch. Dit zijn de volgenden achter de mensen die net zijn doorgebroken richting de senioren."

Gokke

Prins hoecht yn sportsintrum Kardinge op it allroundtoernoai allinnich de ien jier âldere Joep Wennemars - de soan fan Erben - foar him te litten. Wierda wurdt teloarstellend fiifde.
Neffens Kolder gjin ferrassing. De manlju hawwe de lêste wiken noch hurd traind, om yn topfoarm te wêzen op it WK junioaren ein jannewaris. "Tuurlijk moet je je hier plaatsen, maar het niveau van de jongens is zo goed dat je ook een beetje probeert te gokken om op het WK goed te zijn."
Yn totaal stjoert it reedrydbûn de bêste fiif riders nei it WK. Allinnich Nederlânsk kampioen Wennemars is al wis fan dat toernoai. De oare fjouwer wurde oanwiisd.

Wrâldbekerticket

De goeie prestaasjes fan Prins dit seizoen bringe by himsels hege ferwachtingen mei foar de takomst. "Om hiel earlik te wêzen hoopje ik stikem echt wol folgjend seizoen myn wrâldbekerdebút te meitsjen by de senioaren", seit de Jouster.
Dus dan tink ik: dat gat moat te tichtsjen wêze.
Tim Prins sit ticht by de top
Dêrfoar moat er him by de top fiif fan Nederlân op in ôfstân ride. Op it OKT yn desimber waard er noch trettjinde op de 1.500 meter. "Ast sjochst wat ik foarige wike fan de nûmer trije ôf siet, wylst ik net it gefoel hie dat ik yn topfoarm wie. Oardel sekonde. Sy binne op harren bêst en ik net. Dus dan tink ik: dat gat moat te tichtsjen wêze", seit Prins.
"Of dat realistisch is weet ik niet", seit Kolder, "maar het is goed dat zulke jongens zich uitspreken."

Merkteam

Wierda makket kommend seizoen definityf de oerstap nei de senioaren. "Ik hoopje kommend jier wol by in merkteam oan te sluten. Ik tink wol dat ik dêr ek wer in stap meitsje kin, as ik echt mei toppers meitraine kin", seit Wierda.
Hy is lykwols noch net belle. "Nee. Ik tink dat ik dêr sels aksje yn ûndernimme moat, mar dat sjogge we oan it ein fan it seizoen."