Loads ferlern gien by brân yn De Tynje

In loads yn De Tynje is freedtejûn ferlern gien by in grutte brân. De brânwacht kaam mei in soad brânwachtploegen nei De Tynje om oer genôch wetter te beskikken.
De helptsjinsten op it plak fan de brân © Raymon Roersma / ProNews
De loads stie flakby in pear hûzen. It is de brânwacht slagge om foar te kommen dat de brân oersloech nei dy oare gebouwen.
By de bestriding fan in brân kaam in soad reek frij. Omdat der in soad omstanners wienen, warskôge de brânwacht om út de reek te bliuwen.
Nei twa oeren wie de brân ûnder kontrôle. Oer de oarsaak is noch neat bekend.