Gerrit Hiemstra: 'Alvestêdetocht komt miskien net wer'

We wachtsje al 25 jier op in nije Alvestêdetocht, mar kinne miskien noch oant de ivichheid wachtsjen bliuwe. De Alvestêdetocht komt miskien net wer. Dat seit waarman Gerrit Hiemstra.
Gerrit Hiemstra © Walter Kallenbach
"Ik tink it eins net. Ik hoopje fansels wol dat der wer ien komt", seit de Fryske NOS-waarman fan Balk. "Ast sjochst nei de feroaringen dy't yn it waar plakhân hawwe en noch hieltyd plakhawwe, giet it eins mar ien kant út: de waarme kant. Foar in Alvestêdetocht hawwe je ekstreem kâld waar nedich. Dy kâns wurdt echt hieltyd lytser."
Dêrom soe de tocht fan 1997 noch wolris de lêste wêze kinne. "Ik hoopje fan net, mar it soe bêst ris sa wêze kinne", seit Hiemstra.

Kâns op Alvestêdetocht helte sa lyts

Oare waareksperts binne it deroer iens dat de kâns op de sechstjinde Alvestêdetocht hieltyd lytser wurdt. It KNMI hat berekkene dat de kâns op in nije tocht de helte sa lyts is as hûndert jier lyn.
Hoewol't it klimaat ûngeunstiger wurdt, binne de omstannichheden neffens it KNMI ien kear yn de tolve jier geskikt foar in Alvestêdetocht. Begjin ferline iuw wie dat noch ien kear yn de fiif jier.