Winst foar Schuil/Nummerdor
Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe de earste Olympyske wedstriid yn Londen mei 2-1 wûn fan Jesus Villafañe en Igor Hernandez út Fenezuëla. It Nederlânske duo pakte de earste set mei 21-18, wêrnei't de twadde ferlern gie mei 17-21.
Yn de beslissende set wie it twatal mei 15-10 te sterk.