Werynrjochting De Blesse útsteld nei 2023 troch fertraging by nutsbedriuwen

De werynrjochting fan De Blesse wurdt útsteld nei 2023. Earst soe it yn 2022 al plakhawwe, mar troch leveringsproblemen fan kabels en liedingen wurdt it no nei alle gedachten in jier letter.
© Gemeente Weststellingwerf
Mei de werynrjochting kin pas úteinset wurde as alle kabels en liedingen fernijd binne en as alles ferlein is. It giet om kabels en liedingen fan ûnder oaren elektrisiteits- en gasbedriuw Alliander en fan wetterbedriuw Vittens.
Troch in tekoart oan kabelmateriaal op de Nederlânske merk kinne dizze nutsbedriuwen gjin garânsje jaan oer wannear't sy úteinsette kinne mei har wurk.

'Uitstel betekent geen afstel'

''We vinden het erg vervelend dat de herinrichting hierdoor langer duurt. We kunnen hier helaas niks aan veranderen", seit wethâlder Jack Jongbloed fan Weststellingwerf. "Uitstel betekent geen afstel. De herinrichting gaat door, maar dan naar verwachting in 2023.''
De ferwachting is lykwols dat de nutsbedriuwen yn 2022 oan de kabels en liedingen wurkje kinne. De wurksumheden sille sa'n seis moanne duorje. Mei de werynrjochting fan it doarp kin dan yn 2023 úteinset wurde.