Fuotgonger komt om by ferkearsûngelok yn Ljouwert
By in ferkearsûngelok yn de Ljouwerter wyk Bilgaard is in fuotgonger om it libben kaam nei in ûngelok mei in auto.

De man is op it plak fan it ûngelok stoarn oan syn ferwûnings. Ambulânsepersoniel hat noch besocht de man te reanimearjen, mar dat slagge net.
It ûngelok barde flakby it winkelsintrum Bilgaard. De brânwacht hat skermen pleatst, omdat der in soad winkelpublyk by it ûngelok delkaam.
De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.