'Ferdwining' fan legobyld André Hazes is âldjiersstunt fan De Geitefok

It wie te ferwachtsjen, mar de stellerij fan it legobyld fan André Hazes yn Amsterdam is in âldjiersstunt. It byld is meinommen troch De Geitefok, de âldjiersploech fan Aldeberkeap.
De Geitefok mei it byld fan André Hazes © CAMJO media
It manshege byld ferdwûn yn de nacht fan moandei op tiisdei fan de Dam yn Amsterdam. Op it plak dêr't it byld stie, lei in briefke mei de tekst: "Corona gooide roet in het eten. André heeft nu tijd voor een ander optreden."

Omtinken freegje foar coronakrisis

De Geitefok woe mei de aksje omtinken freegje foar de coronakrisis. "Met bloed, zweet en tranen zwoegen we ons door deze crisis. Het water staat de ondernemers aan de lippen en het zorgpersoneel werkt zich uit de naad", seit Geitefok-foarsitter Jan-Bart Hof. "We hopen dat 2022 voor iedereen een beter jaar wordt en dat we eindelijk afscheid kunnen nemen van alle vervelende maatregelen."
It byld is makke troch Streetart Frankey en it is yn Amsterdam pleatst op inisjatyf fan hoareka-ûndernimmer Won Yip en widdo Rachel Hazes.
Yip tocht al dat it om in ludike aksje gie: "Ik heb vertrouwen in de mens. Dus bij dezen: geef hem om het kwartier een blikje bier, daar zou ik mee beginnen. En dan ga ik ervan uit dat het beeld na Oud en Nieuw weer teruggeplaatst wordt", sei Yip tsjin AT5.
Sa stiet it byld gewoanwei yn Amsterdam © ANP
Der wie al ris earder wat te dwaan om it legobyld. Nei't it byld yn de simmer fan 2020 ûntbleate waard, waard it legobyld fernield. De holle ferdwûn fan de grutte legopop. Dêrnei is it byld op 'e nij makke en mear 'hufterproof' wurden. Neffens De Geitefok wie it byld leadswier.