Fertochte stekynsidint Ljouwert frijlitten en net mear ûnder fertinking

De 45-jierrige Ljouwerter dy't tongersdei oanholden is nei in stekynsidint oan De Kei yn Ljouwert, is wer frijlitten. Ut ûndersyk fan de plysje hat bliken dien dat de man net belutsen wie by it barren.
© AS Media
Neffens de plysje giet it ûndersyk fierder. Tips binne wolkom, jout de plysje oan.
It ynsidint soe om 13.45 oere hinne plakfûn hawwe oan De Kei, oan de uterste noardkant fan de stêd. Der rekke in man oan de skonk ferwûne