Veiligheidsregio-direkteur Kleinhuis: "Ferskriklik wat der bard is yn Eanjum"

"Ik fyn it ferskriklik wat der bard is yn Eanjum." Dat seit direkteur fan de Veiligheidsregio Fryslân Wim Kleinhuis oer de ûngeregeldheden yn it doarp, wêrby't in plysje-agint swier ferwûne rekke is.
Wim Kleinhuis, algemien direkteur fan Veiligheidsregio Fryslân © Omrop Fryslân
"Wy fine it ferskriklik. Seker foar ús brânwachtminsken is dat hiel ferskriklik, om tsjin ynwenners út je eigen doarp yn te gean dy't je mei guod om de earen goaie. Dat is net de bedoeling", seit Kleinhuis.
Neffens de direkteur binne dizze ûngeregeldheden dreech foar te kommen. "Ik hoopje dat de mienskip sels ek yngrypt. Dat doarpsbelang en âlders tsjin eigen ynwenners en bern sizze: jonges, doch dit net. Hâld der mei op en gryp yn ast sjochst dat it bart. We kinne it mei de plysje sels nea allinnich hanthavenje. It moat út de mienskip sels komme."
© Noordernieuws
Nettsjinsteande de ûnrêst yn Eanjum en earder op de jûn ek yn Ferwert ferwachtet Kleinhuis in rêstigere âldjiersnacht as ferline jier. Mar seker wit er dat net. "Dêrom doch ik ek in berop op elkenien: brûk jimme ferstân en soargje dat it gesellich is foar elkenien en meitsje it dan ek gesellich. Dan wurdt it in moaie âld en nij", seit Kleinhuis.
"It moat wol oars as ferline jier. Doe wie it noarden fan it lân it slimste fan hiel Nederlân. Dat wolle we net wer."