Nijjiersstunts yn Fryslân: byld Maarten Van der Weijden dûkt op yn Easterein

De skulptuer fan Maarten van der Weijden, dy't twa wike lyn ferdwûn út Burdaard, is opdûkt yn Easterein. Ek yn oare plakken wurde nijjiersstunts holden.
Nijjiersstunts yn Fryslân:
It keunstwurk "Op handen gedragen" fan Hans Jouta ferdwûn op 17 desimber.
Op it plak stie in buordsje mei de tekst: "Ergens oars is it better, ik swem fierder yn oar wetter. #zogenaamd2022".
Der waard doe al tocht dat it om in nijjiersstunt gie.
© CAMJO Media
Aldjiersploech Easterein easket de aksje no op. Yn plak fan dat se jild ynsammelje wolle foar in fjoerwurkshow, helje se no jild op foar de Maarten van der Weijden Foundation.
It byld waard yn juny 2019 ûntbleate njonken de Dokkumer Ie by Burdaard. It wie it plak dêr't swimmer Maarten van der Weijden syn earste besykjen ta it swimmen fan de Alvestêdetocht stake moast.

Plaknammebuorden fan de Alvestêdetocht yn De Haule

Yn De Haule yn Eaststellingwerf hingje troch it hiele doarp de oarspronklike buordsjes fan de Alvestêdetocht.
Sjoch hjir nei bylden fan de stunt yn Haule:
"Onze stunt staat!", skriuwt de Hauler Oudejaars Ploeg op Facebook. Minsken kinne der tusken 13:00 en 15:00 oere trochhinne ride.

Mei in trekker by de âlderein del yn Easterstreek

Efkes fierderop, yn Easterstreek, giet Aldejiersferiening d'Olde Togers mei in trekker by de 65-plussers fan it doarp del. De manlju diele kadootsjes oan se út, lykas drûge woarst. Sels steane se mei twa fytsen op de boerewein.
Aldjiersferiening Easterstreek op de trekker © Lourens Looijenga
"We gaan dan bij mensen in huis, maken een praatje. Mensen kijken daar het hele jaar naar uit. Maar door corona komen we nu niet binnen. We nemen wat dat betreft ook onze verantwoordelijkheid", seit Jeroen Hessels fan de Aldjiersferiening.

André Hazes yn Aldeberkeap

Yn de lêste pear oerkes fan 2021 is ek dúdlik wurden wa't achter de ferdwining fan it legobyld fan André Hazes út Amsterdam sit. It byld is meinaam troch De Geitefok, de âldjiersploech fan Aldeberkeap.
© De Geitefok
It manshege byld ferdwûn yn de nacht fan moandei op tiisdei fan de Dam yn Amsterdam. Op it plak dêr't it byld stie, lei in briefke mei de tekst: "Corona gooide roet in het eten. André heeft nu tijd voor een ander optreden."
De Geitefok woe mei de aksje omtinken freegje foar de coronakrisis. "Met bloed, zweet en tranen zwoegen we ons door deze crisis. Het water staat de ondernemers aan de lippen en het zorgpersoneel werkt zich uit de naad", seit Geitefok-foarsitter Jan-Bart Hof.

Gjin nijjiersstunt yn Boyl

Yn Boyl fynt lykwols gjin nijjiersstunt plak. It alternative coronafeestje fan âldjiersploech OJP koe net trochgean, om't de gemeente der in tip oer krigen hat.
Gewoanwei moetsje de ynwenners fan Boyl inoar mei de jierwiksel yn it doarpshûs. Der wurde dan kado's útdield, dêr't jild mei ynsammele wurdt. Troch de lockdown waard dat al skrast, mar no meie ek de aksjes fan de OJP, lykas in bingo en in moeting mei fjoerwurk, net trochgean.