Suzanne Schulting meldt har ôf foar NK Shorttrack yn Ljouwert

Suzanne Schulting docht net mei oan it NK Shorttrack dat freed en snein yn de Elfstedenhal yn Ljouwert holden wurdt. De trijefâldich Nederlânsk allroundkampioene hat har freedtemoarn ôfmeld.
© Orange Pictures
Schulting hat te krijen mei lichte klachten oan de ljisk. De Olympyske Spelen komme neffens de shorttrackster net yn gefaar. De ôfsizzing is inkeld út foarsoarch. Schulting baalt wol fan de beslissing en hie graach ride wollen, lit se fia har manager witte.
Earder dizze wike ried de Friezinne noch op de langebaan by it olympysk kwalifikaasjetoernoai. Se slagge der op de 500 en 1.000 meter net yn har te pleatsen foar de Spelen.