De toan fan Nelleke IJssennagger-van der Pluijm: "Ferhelje"

"De minske is in ferheljend wêzen, sa stelde de yn 2005 ferstoarne Frânske filosoof Paul Ricoeur. Minsken binne net allinnich dragers fan ferhalen, se brûke ferhalen ek as medium om ûnderfiningen te dielen en identiteit te kreëarjen. Yndividueel en kollektyf binne ferhalen en tradysjes wichtich.
Binnen de geasteswittenskippen is dit útgongspunt in wichtige ynstek foar ferskate dissiplinen, fan skiednis oant antropology ta literatuerwittenskip. De geasteswittenskippen geane ommers altyd oer minsken en oer it begripen fan de uteringen fan minsken yn in kontekst fan kultuer en tradysje.
Hokker wike fan it jier is yn ús kultuer no mear ferbûn mei tradysjes as de wike fan de krystdagen en âld en nij. De tsjustere dagen dat wy by it fjoer sitte, lykas tiden fan krisis, hawwe foar de minske altyd al heechtiidsdagen fan ferhalen west. Yn ús tiid is dit miskien wat ôfswakke rekke troch de ôflieding fan wenbûlevaars, ek in tradysje, mar dit jier wie der gjin ûntsnapping mear mooglik: alles wie ticht, dus der bleau ús neat oars oer as ferhalen en húslike tradysjes.
Us kening hie dit troch. Hy beklamme yn syn krysttaspraak hoe wichtich ferhalen foar ús binne. De ferhalen fan yndividuën, mar ek it ferhaal dat wy mei-inoar fine moatte nettsjinsteande de sterke polarisaasje yn de mienskip. Of miskien wol krekt fanwegen de sterke polarisaasje yn de mienskip.
In ferhaal dat my yn dit ramt opfoel, wie dat fan de Pakistaansk-Kanadeeske dr. Nadia Chaudhri, dat troch miljoenen minsken folge waard op Twitter. De neurowittenskipper ferstoar op 5 oktober dit jier op 43-jierrige leeftiid oan de gefolgen fan kanker. Se brûkte it lêste jier fan har libben om iepen en mei positiviteit oer har sykte te fertellen en om har yn te setten foar jonge en ûnderfertsjintwurdige ûndersikers.
Dit rekke in hiel soad minsken fan hiel ferskillende eftergrûnen oer de hiele wrâld. Hoewol't har eigen ferhaal op 5 oktober ophâlde, fertelden minsken dy't har alhiel net persoanlik kend hiene yn 'e wike tusken de krystdagen en âld en nij út it neat wat dr. Chaudhri's ferhaal foar har betsjutten hie. De ien nei de oar sleat him dêrby oan, hast as in beweging ferbûn fia sosjale media.
Net allinnich it ferhaal, ek de wize wêrop't it ferteld wurdt, docht der dus ta. It medium spilet altyd in rol. Dizze wike wie der bygelyks in glânsrol weilein foar it ferhaal fan muzyk, sang, dûns, moade, dekôr, taal en tekst krekt troch it sjen te litten en de romte te jaan, yn stee fan troch deroer te fertellen.
Wende Snijders har Krystkaleidoskoop wie in ljochtpunt yn tsjustere tiden dêr't ik minsken fan links oant rjochts, fan jong oant âld en fan yn persoan oant op sosjale media posityf op reagearjen hearde. It wie it goede ferhaal op it goede momint, oprjocht en goed útfierd. De krêft wie ferskaat, romte foar (nij) talint en de kombinaasje fan eltsenien syn sterke punten, lykas de teksten fan Dimitri Verhulst en de fertolking fan Wende.
Oprjochtheid, it goede medium en romte foar in nije generaasje is wat de ferhalen fan dr. Chaudhri en de Krystkaleidoskoop diele en ta in mienskiplik ferhaal meitsje foar in grutte groep minsken. De Kening socht ek nei in kym fan in mienskiplik ferhaal, dy't er ûnder mear hopet te finen yn reewilligens ferhalen te hearren en gear te wurkjen oan in bettere takomst. Spesifyk beneamde er dat it grutte ferhaal in mienskiplike ûndernimming om ús libben op ierde wêze kin.
En dat narratyf is bot nedich. Want dat op twadde krystdei de gefoelstemperatuer -15 wie en it hjoed plus 12 graden wurdt, is in ferhaal dat heard wurde moat.
Ik winskje dy in protte lok, seine en ferhalen yn it nije jier ta."