Agint slim ferwûne rekke oan gesicht by ûngeregeldheden yn Eanjum

In plysje-agint is yn de nacht fan tongersdei op freed slim ferwûne rekke oan syn gesicht by ûngeregeldheden yn Eanjum. In 27-jierrige man út de gemeente Noardeast-Fryslân is hjirfoar oanholden.
Bylden fan de ûngeregeldheden yn Eanjum:
De plysje en ME kamen te plak yn Eanjum om't in groep fan 150 jongeren de brânwacht hindere by it útmeitsjen fan in bûtenbrân oan de Mûnebuorren yn it doarp. De ME en plysje hawwe ferskate sjarzjes útfierd om de groep útinoar te krijen.
De oanholden man wegere fuort te gean en goaide op in ôfstân fan ûngefear twa meter in stik glêswurk yn it gesicht fan de agint. De agint is oerbrocht nei it sikehûs. Dêr die bliken dat hy ferskate breuken yn it gesicht hat.
By de ûngeregeldheden is ek in 18-jierrige man út Noardeast-Fryslân oanholden om't er mei planken rjochting te ME goaide.
De brânwacht hat úteinlik troch de ynset fan de plysje de brân op strjitte útmeitsje kinnen.

Ferwert

Ek yn Ferwert wie it earder op de jûn ûnrêstich. Dêr wie in groep fan likernôch tritich persoanen by in grutte brân. De brânwacht rôp de help yn fan de plysje, sadat se feilich de brân útmeitsje koene.
De groep kearde him doe tsjin de plysje. De plysje waard bekûgele mei fjoerwurk en flessen. By middernacht wie it wer rêstich. Der binne gjin oanhâldingen dien.

Unakseptabel

Der wiene al sinjalen bekend by de plysje dat der mooglik ûngeregeldheden komme soene. "We waren goed voorbereid", seit teamsjef Marjan Abma-de Ruiter fan plysje Noardeast-Fryslân.
"Het is onacceptabel dat in Anjum een politieagent ernstig gewond is geraakt bij deze ongeregeldheden. Collega's die te maken krijgen met geweld kunnen rekenen op maximale ondersteuning vanuit de organisatie."

Needferoardering

Boargemaster Johannes Kramer fan de gemeente Noardeast-Fryslân hat in needferoardering ynsteld foar Eanjum. De feroardering jildt fan freed 00.30 oere oant 08.00 oere op 3 jannewaris.
De needferoardering jildt foar de folsleine beboude kom fan it doarp. Binnen dat gebiet is it ûnder mear ferbean om gear te kommen.

Fluch yngripe

Mei dizze bestjoerlike maatregel kin de plysje fluch yngripe om ûngeregeldheden foar te kommen. Sa kin de plysje previntyf fûillearje, minsken steande hâlde en it gebiet útstjoere.
Oertrêding fan de feroardering kin liede ta in finzenisstraf fan maksimaal trije moannen of in boete fan maksimaal 4.350 euro.
Ferline jier rûn it yn Eanjum ek út de hân yn de nacht foar âld en nij. Doe bekûgele in groep fan tritich oant fjirtich persoanen aginten mei stiennen, fjoerwurk en bierfleskes.

Al de hiele wike oerlêst yn Eanjum

Sa't no bliken docht, wie der de ôfrûne wike al faker sprake fan oerlêst yn Eanjum. Neffens Doarpsbelang hiene bewenners yn it sintrum sliepeleaze nachten troch fjoerwurkoerlêst en brânstichting mei ûnder oaren oaljefetten en autobannen. Dêrby rekken ek huzen, strjitmeubilêr en beammen skansearre.
Doarpsbelang wist dat der plannen wiene om mei de jierwiksel de plysje út te lokjen. In oprop fan Doarpsbelang oan de âlders om mei de jongerein yn petear te gean, hat net holpen.
Direkteur Wim Kleinhuis fan de Feilichheidsregio docht ek in berop op de mienskip om te foarkommen dat it de kommende nacht út de hân rint.