Plysje rôlet brânende kontener nei brânwacht yn Drachten

De plysje en brânwacht binne tongersdeitejûn útriden nei de krusing fan de Greuns mei de Dollard yn Drachten foar in kontenerbrân.
© ProNews
Te plak die bliken dat de kontener yn in hage by in skoalle stie. De brân is nei alle gedachten feroarsake troch fjoerwurk.

Om't de kontener tichteby de skoalle en de hage stie, hawwe plysjes de kontener nei de brânwacht rôle. Nei't de plysjes de kontener fan it slot helle hienen, hat de brânwacht it brantsje útmakke.