Triennen nei ôfbrânde houthannel yn Noardburgum meitsje plak foar moed

Se wienen hast alles kwyt, mar se hienen elkoar noch en dat wie it wichtichste: Lieuwe en Akkelien van der Wal út Noardburgum seagen yn maaie har hiele hûs en houthannel yn flammen opgean. De triennen ha lykwols plak makke foar optimisme en moed.
Akkelien en Lieuwe van der Wal © RTV NOF
"Ast der bot by neitinkst, dan biggelje der echt noch wolris wat triennen by de wangen del", seit Akkelien van der Wal. "Mar it biedt ek nije mooglikheden."
It tekenet de famylje, want nei it drama seinen Akkelien en Lieuwe van der Wal al gau dat se elkoar en de bern noch hienen. En dat is dochs echt it wichtichste.

Libbenswurk yn oardel oere fuort

"Fansels", seit Lieuwe, "hat it in hiele impact hân. Yn oardel oere wie ús libbenswurk noch. Mar we ha elkoar noch en der hat gjin minsklik letsel west. Dan is it 'mar' materiaal."
De brân yn de houthannel, 20 maaie fan dit jier © CAMJO Media
Achteroer hingje woenen se ek net. "Sa binne we net", seit Akkelien. Lieuwe: "In wike letter hienen we in tinte stean en wienen we wer iepen."
Mei tank oan in donearaksje, dy't hast in ton opsmiet. Folle mear as wat inisjatyfnimmer Wico Alkema ferwachte hie. Dy tocht oan 2.000 of 2.500 euro. Hy wit hoe't it is om sa'n bedriuw op te setten en draaiende te hâlden.
Wy woenen de skouders derûnder!
Lieuwe van der Wal
De bou fan in nije houthannel is yntusken begûn. Dat dogge Lieuwe en Akkelien van der Wal net allinnich foar harsels. "We ha hast fyftjin man oan it wurk hjir", fertelt Lieuwe. "Dan kinne je wol sizze: 'lit mar hingje', mar wy woenen de skouders derûnder!"
© Omrop Fryslân, Mats Gies
Ien ding ha se wol leard: dêr komme gjin sinnepanielen op. "Net wer!", seit Lieuwe. Op it dak fan de houthannel leinen sinnepanielen dy't ûntploften. Skerpe stikken sinnepanielen kamen yn de fiere omkriten del. Boeren moasten it fee binnen hâlde, om foar te kommen dat dy de stikjes opieten.
"Mei fersekeringen wurdt it ek hieltyd dreger om panielen op it dak te krijen. Mar we ha noch wol in hoeke grûn oer, dêr kinne se wol op. Dan hat ek gjinien der lêst fan."
It kin bêst wêze dat ik oer in jier noch in klap krij.
Akkelien van der Wal
Echt tiid om it allegear in plakje te jaan ha se noch hieltyd net jûn. "It kin bêst wêze dat ik oer in jier noch in klap krij", seit Akkelien.
Mar se wolle benammen posityf bliuwe en foarútsjen. Lieuwe: "Moatst moed hâlde, dat hear ik hieltyd mear. Moed hâlde en trochgean. Dan sit ik der ek net oer yn."
En op mominten dat se it wol even dreech ha, ha se altyd ien om op werom te fallen. "De minsken om ús hinne en de Heare. Dêr helje we in protte treast út."

Sliepkeammerke foar pake- en beppesizzers yn sjalet

Net allinnich de houthannel fan 4.000 kante meter is yn de jiske lein, datselde jildt foar it hûs dêr't de famylje yn wenne.
In nij hûs stiet der noch net, mar wol in sjaletsje by de dyk. Grut is it net. "Mar we binne mar tegearre mear", relativearret Akkelien opnij. "De bern binne derút. En we ha in ekstra sliepkeammerke, dus de pake- en beppesizzers kinne delkomme. Foar de rest ha we alles wat we ha wolle."
It optimisme tekenet de twa, want sa'n lyts sjaletsje hat ek wer foardielen. "It stookt moai goedkeap! Hielendal no't de gas- en enerzjyprizen sa heech binne."