Tredde part minder besmettingen fêststeld yn ien wike

It tal positive coronatesten yn Fryslân is de ôfrûne wike mei in tredde part weromrûn: fan 4.140 nei 3.101. It tal fêststelde stjergefallen rûn werom fan 19 nei 6.
De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Gemiddeld binne der yn Fryslân de ôfrûne wike alle dagen 443 besmettingen by kaam. Ferline wike wie dat trochsneed 591, noch in wike earder 647.
De measte besmettingen binne de ôfrûne sân dagen fêststeld yn de gemeente Ljouwert: 601. Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (443) en De Fryske Marren (265).

Opsterlân omrekkene de measte besmettingen

Relatyf is it tal besmettingen it heechst yn Opsterlân. Foar eltse 100.000 ynwenners binne dêr dizze wike 609 besmettingen fêststeld. Dat binne der wol minder as in wike lyn yn dy gemeente, want doe gong it noch om 807 besmettingen op 100.000 minsken.
Nei Opsterlân komme Dantumadiel (550 op 100.000 minsken) en Harns (528).
De ôfrûne twa wiken hie Achtkarspelen relatyf de measte besmettingen: ferline wike 927 op 100.000 ynwenners, de wike dêrfoar 862. Yntusken is dat sakke nei 510.

Seis stjergefallen, 16 sikehûsopnamen

Yn de ôfrûne wike binne der seis Friezen ferstoarn oan it coronafirus. Dat binne der trettjin minder as ferline wike. It giet ynwenners fan de gemeenten Noardeast-Fryslân (2), Achtkarspelen, Ljouwert, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân.
Der binne de ôfrûne wike 16 Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat is ien minder as in wike earder.
Tal sikehûsopnamen en stjergefallen de wike ûnder ynwenners fan Fryslân (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Mear as 97.000 kear corona fêststeld

Mei de 3.101 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal 97.450 kear it coronafirus fêststeld yn Fryslân.
It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân leit op 578. It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elts stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Faksinaasjegraad 80 persint

De faksinaasjegraad yn Fryslân leit ûnder it lanlik trochsneed. Fan alle Friezen fan tolve jier en âlder is 80 persint folslein faksinearre (mei of sûnder boosterprik). Lanlik leit it op 84,3 persint.
De gemeenten mei de leechste faksinaasjegraad ûnder tolveplussers binne Dantumadiel en Achtkarspelen (74 persint) en Noardeast-Fryslân (77 persint).

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

Wike Besmettingen Stjergefallen
24 desimber - 30 desimber 3.101 6
17 desimber - 23 desimber 4.140 19
10 desimber - 16 desimber 4.530 23
3 desimber - 9 desimber 5.524 9
26 novimber - 2 desimber 5.927 8
19 novimber - 25 novimber 6.295 8
12 novimber - 18 novimber 4.432 6
6 novimber - 11 novimber 3.565 2
30 oktober - 5 novimber 1.950 3
22 oktober - 29 oktober 1.603 3
15 oktober - 21 oktober 1.119 2
8 oktober - 14 oktober 779 1
1 oktober - 7 oktober 502 0
24 septimber - 30 septimber 530 0
17 septimber - 23 septimber 598 0
10 septimber - 16 septimber 876 1
3 septimber - 9 septimber 988 1
27 augustus - 2 septimber 755 0
20 augustus - 26 augustus 737 0
13 augustus - 19 augustus 547 1
6 augustus - 12 augustus 535 2
30 july - 5 augustus 589 2
23 july - 29 july 838 1
16 july - 22 july 1.471 1
9 july - 15 july 1.474 1
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17