Henk Hospes mei pupil Sanne in 't Hof nei Spelen: "Dit is ûnfoarstelber"

Reedrydcoach Henk Hospes mei nei de Olympyske Spelen omdat syn pupil Sanne in 't Hof twadde waard op de fiif kilometer. Dat Hospes no wer nei de Spelen mei rekket him bot.
Beharkje de SportCast mei Henk en Jesper Hospes:
Henk Hospes is trainer fan it Gewest Fryslân en mocht fjouwer lyn mei Lotte van Beek nei de Spelen yn Pyeongchang. Dat er no wer nei de Spelen mei, hie er net ferwachte.
"Jesper en ik ha hjoed noch efkes belle", fertelt Hospes. "En ik ha it der noch oer hân mei myn frou en oare trainers. Sanne ried by de NK ôfstannen 6.57. Dan tinkst: wat is der mooglik, kin it noch hurder?"

Net op rekkene

En dus wie it rekkenjen foar Hospes. "Dan moat se nei de trije kilometer flak ride en dat hat se eins noch nea dien. Witst dat Achtereekte it ûnder oare wol kin. Dus ik hie der net op rekkene, hiel earlik sein."
Dan bist emosjonearre.
Henk Hospes
"Der giet in hiele berch troch je hinne", fertelt Hospes oer it momint doe't it wis wie dat In 't Hof it oprêde. Dat hong fan de lêste rit ôf, tusken Irene Schouten en Joy Beune. Op dat stuit hie In 't Hof de rapste tiid, mar allinnich de earste twa pleatsten har foar de Spelen.
"Ik hope dat Schouten fuortride soe by Joy Beune. Oars waard it noch gefaarlik. Op trije kilometer rûnen de rondetiden ek op nei 33. Doe tocht ik: dit is 'kat in het bakkie'. Op dat momint tinkst: wat geweldich dat dit bart. Dan bist emosjonearre. Dat is ûnfoarstelber."

Sven Kramer?

Njonken de ferrassing fan In 't Hof giet it yn de SportCast ek oer Sven Kramer en syn plak yn de matriks, wa't de ploege-efterfolging ride moat en oft Henk Hospes wol echt nei Peking ta giet.
By it olympysk kwalifikaasjetoernoai naam Omrop Fryslân nei ôfrin fan alle dagen in SportCast op. Ofwikseljend skoden âld-reedrider Douwe de Vries, reedrider Jesper Hospes en Dútslân-bûnscoach Geert Kuiper oan by Omrop-sportferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.