Scharbaai fuort as trainer by VC Snits: net genôch tiid

Trainer Jeffrey Scharbaai hâldt mei direkte yngong op by VC Snits. Scharbaai kin syn funksje as trainer net goed kombinearje mei syn priveelibben en baan.
Jeffrey Scharbaai © Orange Pictures
It wurk fan Scharbaai wurdt foarearst oernaam troch Henriëtte ter Steege. Dy wie al assistint-trainer. In selde situaasje die him twa jier lyn ek al foar: doe naam Ter Steege it oer fan Paul Oosterhof, omdat hy ûnferwachte ophold. De reden wie doe ek dat er it net kombinearje koe mei syn baan.

Pleage troch coronafirus

Scharbaai waard yn de simmer fan 2020 de opfolger fan Oosterhof. Yn syn earste seizoen waard die de ploech mei om de boppeste plakken, mar waard Snits ek pleage troch it coronafirus.
Sa koene der gjin play-offs mear spile wurde tsjin Regio Zwolle om it tredde en fjirde plak yn de kompetysje. Earder moasten de Snitsers harren al weromlûke foar it bekertoernoai troch besmettings binnen it team.

Team moat skerper

Dit seizoen giet it minder goed as hope: Snits stiet nei tolve wedstriden op it sânde plak. "Het verloop van de competitie tot nog toe vraagt aandacht en visie om de opgaande lijn te pakken te krijgen", skriuwt de klup. "Er is meer tijd en intensiteit nodig om de scherpte in het team te krijgen."

Net te kombinearjen

Dy tiid hat Scharbaai net. Hy kin soks net kombinearje mei syn fulltime baan en it feit dat er yn Twente wennet. Dêrom hat er no besletten om ôfskied te nimmen fan de klup yn Snits.
It bestjoer fynt it spitich dat Scharbaai net fierder wol. "In de lastige coronatijd heeft Jeffrey de meiden begeleid en gevormd tot een enorm hecht team."
It is op it stuit winterstop yn de earedivyzje follybal. Op 9 jannewaris stiet foar VC Snits de earstkommende wedstriid op it programma: út tsjin Rotterdam.