OKT einiget mei twa Fryske manlju yn reedrydmatriks

It olympysk kwalifikaasjetoernoai by de manlju einiget mei twa Fryske nammen yn de matriks. Tjerk de Boer, Tim Prins en Gert Wierda kamen op de slotôfstân, de 1.500 meter, net yn de buert fan de olympyske tickets.
Sven Kramer: wol of net nei Peking? © Orange Pictures
Kjeld Nuis, de olympysk kampioen fan fjouwer jier lyn, wûn de 1.500 meter en kin dus syn titel ferdigenje. Hy naam revâns foar syn fjirde plak op de 1.000 meter, wêrmei't er him net pleatste op dy ôfstân. Thomas Krol rydt yn Peking wol de 1.000 en de 1.500 meter: hy waard tongersdei twadde.
Dy twa nammen wienen yn it foar al de grutte favoriten. Tijmen Snel ried him dêrachter nei it tredde plak op it OKT. Hy komt dêrmei op de matriks, mar is fanwegen mooglike oanwiisplakken net wis fan de Spelen.

Utslach 1.500 meter

1. Kjeld Nuis 1.43,85
2. Thomas Krol 1.43,87
3. Tijmen Snel 1.45,16
10. Tjerk de Boer 1.46,51
13. Tim Prins 1.46,81
19. Gert Wierda 1.48,57
Tjerk de Boer wie mei it tsiende plak de bêste Fries op de middellange ôfstân: hy ried mei 1.46,51 in persoanlik rekôr. Dêrmei wie er in heale sekonde rapper as dat er ea west hie.
Tim Prins kaam ta in tiid fan 1.46,81 en waard dêrmei trettjinde. De 19-jierrige Gert Wierda, dy't twa moannen lyn noch in sterk persoanlik rekôr ried, kaam dêr no net by yn de buert. Mei 1.48,57 einige er tongersdei as njoggentjinde.

Kramer?

De útslach fan de 1.500 meter betsjut dat Sven Kramer no de tsiende namme is yn de seleksjefolchoarder, wylst Nederlân mar njoggen riders nei Peking ôffeardigje mei.
Dat betsjut net dat Kramer him net pleatst, want it reedrydbûn mei ek riders oanwize. Fanwegen Kramer syn rol op de ploege-efterfolging is de ferwachting dat hy him dochs opmeitsje mei foar syn fiifde Olympyske Spelen. Dat soe dan te'n koste gean fan Dai Dai N'tab.
De KNSB makket op 2 jannewaris de list mei nammen bekend.

Seleksjefolchoarder manlju

Ofstân Wa
1. 1e op 1.000 meter Thomas Krol
2. 1e op 5.000 meter Patrick Roest
3. 1e op 1.500 meter Kjeld Nuis
4. 2e op 1.000 meter Kai Verbij
5. 1e op 10.000 meter Jorrit Bergsma
6. Massastart Oanwiisplak
7. 2e op 1.500 meter Thomas Krol
8. 1e op 500 meter Merijn Scheperkamp
9. 3e op 1.000 meter Hein Otterspeer
10. 3e op 1.500 meter Tijmen Snel
11. 2e op 5.000 meter Jorrit Bergsma
12. 2e op 10.000 meter Patrick Roest
13. 2e op 500 meter Dai Dai N'tab
14. 3e op 5.000 meter Sven Kramer
15. 3e op 500 meter Kai Verbij
Nederlân mei njoggen riders nei de Olympyske Spelen ta stjoere. De earste seis yn boppesteande seleksjefolchoarder binne wis fan in olympysk ticket. Dêrnjonken wiist de KNSB noch trije riders oan.