Michelle de Jong sa goed as wis fan Spelen: "Kan bijna niet meer misgaan"

Reina Anema en Myrthe de Boer ha op it olympysk kwalifikaasjetoernoai net foar in ferrassing soargje kind op de 5.000 meter. De útslach is wol goed nijs foar Michelle de Jong, dy't no sa goed as wis is fan in startbewiis op de 500 meter.
Reina Anema © Orange Pictures
De winst op de 5.000 meter gong neffens ferwachting nei Irene Schouten, dy't al it hiele jier oppermachtich is. Efter Schouten waard Sanne in 't Hof twadde en dy pleatst har dêrmei ek foar de Olympyske Spelen yn Peking, takom febrewaris.
Datselde jildt foar Michelle de Jong: omdat se no de njoggende namme is yn de reedrydmatriks, is sy sa goed as wis fan in olympysk startbewiis op de 500 meter. Nederlân mei nammentlik njoggen rydsters nei de Spelen ta stjoere.

2 jannewaris offisjeel

"Ik kan het bijna niet geloven, het is fantastisch", sei se direkt nei de 5.000 kilometer, dy't se thús op de telefyzje seach.
Michelle de Jong © Orange Pictures
Formeel moat it reedrydbûn KNSB noch bepale hokker riders nei de Spelen geane. Dat gebeurt op snein 2 jannewaris. "Zodra het allemaal formeel is, durf ik pas te zeggen dat ik definitief ga. Maar het moet wel heel gek lopen willen ze het nog anders gaan invullen."
Ik had een aantal maanden geleden niet eens gedacht dat ik zo dichtbij zou zitten.
Michelle de Jong
"Het kan bijna niet meer misgaan", tinkt De Jong. "Dit is niet normaal. Ik had een aantal maanden geleden niet eens gedacht dat ik zo dichtbij zou zitten."
Earder op dit OKT miste De Jong de Spelen op de 1.000 meter op njoggen hûndertsten. "Maar vervolgens lukt het op de 500 meter wel. Dat het nu zo uitpakt allemaal, dat is fantastisch."
De slotfaze fan de 5 kilometer en de earste reaksje fan Michelle de Jong

Seleksjefolchoarder froulju

Ofstân Wa
1. 1e op 5.000 meter Irene Schouten
2. Massastart Oanwiisplak
3. 1e op 3.000 meter Irene Schouten
4. 2e op 3.000 meter Antoinette de Jong
5. 1e op 500 meter Femke Kok
6. 1e op 1.000 meter Jutta Leerdam
7. 1e op 1.500 meter Antoinette de Jong
8. 2e op 5.000 meter Sanne in 't Hof
9. 2e op 1.500 meter Ireen Wüst
10. 2e op 1.000 meter Antoinette de Jong
11. 3e op 3.000 meter Carlijn Achtereekte
12. 3e op 1.500 meter Marijke Groenewoud
13. 3e op 1.000 meter Ireen Wüst
14. 2e op 500 meter Jutta Leerdam
15. 3e op 500 meter Michelle de Jong
Nederlân mei njoggen riders nei de Olympyske Spelen ta stjoere. De earste seis yn boppesteande seleksjefolchoarder binne wis fan in olympysk ticket. Dêrnjonken wiist de KNSB noch trije riders oan.
Op de 5.000 meter koenen de twa Friezinnen net foar stunts soargje. Anema, dy't woansdei noch in sterke 1.500 meter ried, koe dat op de langste ôfstân net werhelje. Yn har rit tsjin Merel Conijn begûn se rap, mar koe dat hege tempo net folhâlde. Har rondetiden skeaten omheech en se sleat sels ôf mei rûntsjes yn de 35.
Se kaam oer de finish nei 7.05,40. Dat is hast acht sekonden stadiger as har persoanlike rekôr, dat se twa jier lyn notearre yn Thialf.
Myrthe de Boer (19) kaam al yn de twadde rit yn aksje. Foar har wie it de earste kear dat se in offisjele 5.000 meter ried. De Boer begûn mei rûntsjes fan sawat 35,5. Yn de slotfaze fierde se it tempo noch wat op, wêrtroch't se finishte yn 7.25,07. Dêrmei einige se as lêste op it OKT.

Utslach 5.000 meter

1. Irene Schouten 6.50,48
2. Sanne in 't Hof 6.55,14
3. Carlijn Achtereekte 6.55,18
6. Reina Anema 7.05,40
11. Myrthe de Boer 7.25,07