Stjerkes, knalearten en wûndertollen populêr no't swierder fjoerwurk net mei

Der is yn de hiele provinsje hast gjin kategory 1 fjoerwurk mear te krijen. It giet om stjerkes, knalearten, fonteinen en bygelyks wûndertollen. Dit fjoerwurk mei wol ôfstutsen wurde by de jierwiksel. Oar, swierder fjoerwurk is ferbean.
De knalearten binne net oan te slepen:
Taeke Brouwer fan Fjoerwurkgigant yn Frjentsjer is folslein útferkocht. Alles wat syn dochter fûn hat, is al fuort: "Sy hat woansdei noch by in ymporteur west en dêr 15 grutte doazen meinommen, mar doe wie alles ek dêr op."

"It fljocht de winkel út"

It begûn fuort nei't it fjoerwurkferbod ôfkundige waard. "It is it lichtste wat je krije kinne en wat tastien is. Mar der is likegoed noch in rush op, want minsken kinne oars neat krije. It fljocht de winkel út."
Der is op it stuit gjin oanfier. Supermerken, winkels, oeral is it op. It sit 'm yn de oanfier, sa seit Brouwer: "Alle ymporteurs sitte mei konteners dy't út Sina komme moatte. De measten komme pas healwei jannewaris binnen, mar dan kinne sy der neat mear mei."
Pûden fol fjoerwurk © Omrop Fryslân
Mei krapte kinne je al gau de prizen ferheegje. Dêr wol Brouwer net oan. "De marzjes binne hiel lyts. Wy dogge it foar de klandyzje. In ymporteur sei: smyt der mar in tientsje by op, want minsken keapje dochs wol. Mar dat hawwe wy net dien."
Gewoanwei steane der dizzer dagen fiif rigen minsken foar de baalje. De folsleine famylje is dan yn it spier by de ferkeap fan it fjoerwurk. No is it stil. It sukses fan it lichtere guod is moai, mar fergoedet neat seit Brouwer: "It is net iens in plaster. It is aardich, mar ek net mear as dat."
© Omrop Fryslân
Hy sjocht dan ek mei pine yn it hert nei de bylden út België. In soad Nederlanners binne dêrhinne riden om fjoerwurk te keapjen. "Dat docht echt wol sear, as ik dy bylden sjoch. Ik hoopje echt dat we takom jier wer gewoan dwaan kinne."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma by Vuurwerkgigant Franeker