25.000 boosterprikken set yn earste trije dagen XXL-lokaasje

GGD Fryslân hat dizze wike oant en mei woansdei 60.010 boosterprikken set. Dat binne hast fyftjintûzen mear as in wike earder. It tempo is opfierd mei tank oan de XXL-priklokaasje yn Ljouwert.
In frou krijt in faksinaasje op de XXL-priklokaasje fan de GGD © Omrop Fryslân
Tiisdei is de GGD úteinset mei it faksinearjen fan minsken yn de XXL-lokaasje yn it Ljouwerter WTC. Yn de earste trije dagen binne dêr sa'n 25.000 minsken faksinearre.
Fan de faksinearre Friezen fan 75 jier en âlder hat yntusken 85 prosint ek de boosterprik hân. Elkenien berne yn 1986 en earder kin online in ôfspraak meitsje foar de boosterprik.

'Boosterprik helpt'

De GGD sjocht dat de boosterprik helpt tsjin it tal besmettingen. Krekt as in wike lyn is it tal besmette 75-plussers yn ferhâlding it hurdst werom rûn. Yn ferpleech- en fersoargingshûzen testen 60 bewenners posityf, dat is de helte minder as in wike earder.
"Nei alle gedachten komt dat trochdat in soad âlderen better beskerme binne troch har boosterfaksinaasje", seit de GGD.

GGD ferwachtet mear sikehûsopnamen

It tal sikehûsopnamen yn Fryslân leit dizze wike leger as de ôfrûne wiken, mar de GGD ferwachtet dat dêr ynkoarten feroaring yn komt. Lanlik is de omikronfariant op it stuit dominant. "De ferwachting is dat dat op koarte termyn ek sichtber wurdt yn de Fryske sifers en dat it tal sikehûsopnamen dan wer heger wurdt."