Snitser lit geslachtsdiel sjen oan bern: seis moannen sel

In 49-jierrige Snitser is feroardiele ta in jier finzenisstraf wêrfan't seis moannen ûnder betingst. De man hie fia de sociale media-app TikTok ôfspraken mei jonge bern makke. By dy ôfspraken liet de man syn geslachtsdiel sjen.
© ANP
De Snitser makke dizze simmer ôfspraken mei bern út Burgum, Holwert en Zwolle. Nei alle gedachten binne der ek noch ôfspraakjes yn Sumar en Garyp west. De man liet syn geslachtsdiel sjen oan twa famkes. Dy famkes liet er ek oan syn pimel sitte. By in jonkje bleaun it by in poging.

Persoanlikheidssteuring

It famke út Holwert fertelde letter wat der bard is. De plysje die him dêrnei foar as in bern om in ôfspraak yn sêne te setten. De man waard doe oppakt.
It Iepenbier Ministearje hie 16 moannen sel easke wêrfan't de helte ûnder betingst. De rjochter hold rekken mei de persoanlikheidssteuring dêr't de man oan lijt. Dêrom kaam de rjochtbank ta in legere straf.