Kappers yn protest: 'Een boete doet me niets meer'

Kappers út it hiele lân ha tongersdei aksjefierd, om't se gjin of te min stipe fan de oerheid krije. Sûnt 19 desimber binne de kapsalons ferplichte ticht. En dat betsjut dat alle omset yn ien kear fuortfallen is.
RTV NOF seach by in kapsalon yn De Harkema:
Linda Westerhof begûn fjouwer moannen lyn mei har kapperssaak yn De Harkema. Se hie al ien yn De Tynje. "Der kaam in moaie kâns foarby om in salon yn De Harkema oer te nimmen. Dat haw ik dochs dien, nettsjinsteande de spannende coronatiid."
Mei trije fêste meiwurkers rûnen de saken goed, oant oardel wike lyn. Yn de nije lockdown binne de winkels ferplichte ticht gongen. "De lockdown kaam as in folsleine ferrassing, wy seagen it net oankommen. It is krekt as belibje it dan yn in roeske."
It nijs fan de ferplichte sluting wie de sneon al útlekt. It wie tige drok dy dei by de saak fan Westerhof. "Mar ik koe al net elkenien mear helpe. Ferline jier wie it ek al flak foar de krystdagen dat wy ticht moasten."

Gjin oerheidsstipe

Guon winkels wurkje mei besoargjen en ôfheljen. Dat docht Westerhof ek, mar in hiel soad mooglikheden hat se net: "Wy kinne wat shampoo en útgroeisets ferkeapje. Mar dan hâldt it wol op. De stipepakketten binne net foldwaande."
Sterker noch: se krijt hielendal neat. "Moatst mear as tweintich persint omsetferlies ha. De oerheid sjocht nei de ôfrûne trije moannen. Omdat ik no twa kapsalons ha, kom ik hielendal net yn oanmerking."
Ik hâld it op dizze wize net lang fol.
Linda Westerhof
En dus komt der hast gjin euro mear binnen, wylst se wol har trije meiwurkers betelje moat. "Ik bin no trije jier foar mysels dwaande. Ik hâld it op dizze wize net lang fol."
Dêrom sjocht Westerhof gjin oare oplossing as te protestearjen. "We ha it moai oanklaaid mei in partytinte, in fjoerkoer en in skydances. Minsken kinne in bakje kofje krije en in stikje swiethout, sa't wy mei-inoar op in houtsje bite kinne."

Ofhelkapsels yn Ljouwert

Westerhof stiet net allinnich. Sa protestearret Annelie Spanninga yn Ljouwert. Dêr kinne minsken hjoed in ôfhelkapsel helje. "We zijn nu bijna twee weken dicht. Het lang geleden dat we voor het laatst lekker aan het werk waren."
Om een echt statement te maken, moet doen wat je altijd doet: haar mooi maken.
Annelie Spanninga
Se woe in statement meitsje. "Sommige kappers zetten een pop voor het raam. Maar ik vind: om een echt statement te maken, moet doen wat je altijd doet: haar mooi maken. Daarom heb ik besloten om echt open te gaan. Klanten die een afspraak hadden, kunnen dus toch langskomen."

Net mear benaud

Benaud foar in boete is se net. "Op 18 december, de dag van de lockdown, kreeg ik een brief op de mat dat ik mijn TVL - tegemoetkoming vaste lasten - terug moest betalen. Dus of ik nou steun moet terugbetalen of een boete, daar zit voor mij geen verschil in. Ik ben er niet meer bang voor."