RIVM meldt 553 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 553 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 97 mear as woansdei. Doe waarden 456 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 443 besmettingen meld yn Fryslân. Woansdei lei dat trochsneed op 437 besmettingen, in wike lyn op 591. It is foar it earst yn tweintich dagen dat it Fryske trochsneed oprint.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der is wol ien Fries mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. It giet om in ynwenner fan de gemeente Opsterlân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 14.868. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 12.599.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.