Coronafaksinaasjes by XXL-priklokaasje Ljouwert fertrage troch brânalarm
Troch in brânalarm yn it WTC yn Ljouwert hat de GGD fertraging oprûn by it setten fan faksinaasjes tsjin it coronafirus. De folsleine XXL-priklokaasje moast ûntromme wurde.

Efkes nei 14.00 oere gie it alarm ôf. Alle minsken moasten doe neffens protokol nei bûten. Nei in healoere wie dúdlik dat der gjin brân wie. Eltsenien koe doe wer nei binnen.

De GGD hat no in healoere efterstân by it setten fan faksinaasjes tsjin it coronafirus. Der wurdt lykwols ferwachte dat dy efterstân yn de kommende oeren wer ynrûn wurdt.