Twa Fryske VVD'ers yn kabinet-Rutte IV

Dennis Wiersma, hikke en tein yn Frjentsjer, is de beëage nije minister foar Primêr en Fuortset Underwiis. Ljouwerter Aukje de Vries soe yn it nije kabinet steatssekretaris fan Taslaggen en Dûane wurde. Beiden binne lid fan de VVD.
Dennis Wiersma © ANP
Wiersma (35) is op it stuit demisjonêr steatssekretaris fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid. Hy folge Bas van 't Wout op. Dêrfoar siet Wiersma, dy't op it stuit yn Utrecht wennet, foar de VVD yn de Twadde Keamer.
Wiersma wie earder aktyf foar studintefakbûn LSVb en foarsitter fan FNV Jong. Sûnt 2017 siet er foar de VVD yn de Twadde Keamer. Hy wie foar dy partij as Keamerlid ek wurdfierder op it mêd fan sosjale saken en wurkgelegenheid.
Aukje de Vries © ANP
Aukje de Vries (57) sit sûnt 2012 yn de Twadde Keamer. Foar de VVD is se wurdfierder op de gebieten soarch en corona. Earder siet se yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân.
De Vries is al sûnt 1989 aktyf yn de polityk. Earst as beliedsmeiwurker yn de gemeente Ljouwert. Fan 2002 oant 2011 siet se yn de Ljouwerter gemeenteried. Ek liede se ferskate projekten yn ûnder mear Boarnsterhim.
It nije kabinet stiet op 10 jannewaris op it bordes, is de planning.