Longdokter Wouter van Geffen oer coronajier: "Het is vragen om een glazen bol"

Yn de simmer waard de corona-ôfdieling fan it MCL noch feestlik sletten, mar no leit it sikehûs wer fol mei coronapasjinten en binne der sels ekstra ôfdielingen. MCL-longdokter Wouter van Geffen sjocht werom op it coronajier.
© Omrop Fryslân
It jier begûn sa posityf foar de meiwurkers fan de sikehuzen: ynienen kamen der faksins beskikber. It joech de minsken oan it bêd fan de Covid-pasjinten krekt wat mear beskerming.

Befrijing

Op 6 jannewaris waard de earste prik set. In momint dat as in befrijing fielde, seit Van Geffen: "Zo voelde het destijds wel. Of je dat met de kennis van nu ook nog zo kunt zien is maar de vraag. Maar we liepen steeds met de gedachte ook ziek te kunnen worden. Toen hadden we een extra bescherming."
It wie ek nedich foar it sikehûspersoniel. It waard allinne mar drokker op de ôfdielingen. "Die eerste maanden wel. Later, toen de vaccinatiecampagne begon te lopen, werd dat beter."
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
It gie sa goed dat de spesjale corona-ôfdieling M ticht koe. Mei in beskieden feest waard de lêste pasjint troch it team útswaaid.
"Dat gaf echt een goed gevoel. Covid heeft een andere manier van werken. We hadden voor deze afdeling ook mensen uit andere gedeelten van het ziekenhuis gehaald. Gerust waren we er niet op, maar we hadden echt goede hoop dat de afdeling niet meer open hoefde."

'M' wer iepen

De situaasje is no wer hiel oars: ôfdieling M is al wer in skoft iepen en der binne ekstra ôfdielingen bykaam. Yn eardere golven hat it MCL noch pasjinten fan oare sikehûzen oernaam, mar no is it oarsom.
We brengen nu patiënten over naar andere ziekenhuizen. Eerst ontvingen we ze.
Longdokter Wouter van Geffen
Dizze weach rekket Fryslân dan ek hurd, seit Van Geffen. "Het is hier momenteel veel heftiger dan eerst, als je alleen al kijkt naar de aantallen mensen die zijn opgenomen. We brengen nu patiënten over naar andere ziekenhuizen. Eerst ontvingen we ze."

'Plannen op het slechtste scenario'

Dochs is der in ferskil mei earder: "Er liggen wel meer mensen op de afdelingen maar minder op de intensive care. Toch geeft het veel leed. Bij nabestaanden, maar ook bij mensen die heel ziek worden en lang schade houden."
"Het is best gek eigenlijk. Jullie vroegen om een terugblik, maar we zitten er nog middenin", seit Van Geffen. Foarútsjen sit der ek net yn. "Ik vind dat heel moeilijk. Dat is eigenlijk vragen om een glazen bol. Kijk, als dokter maak ik het beleid niet. Ik hoop het beste, maar we plannen op een slecht scenario."
Dokter Wouter van Geffen © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Van Geffen fynt dat de oerheid dan ek mei in plan komme moat om foar te kommen dat wy nochris yn in lockdown komme. "Er moet gekeken worden naar de hele zorgketen. Dus met de ziekenhuizen en de huisartsen, maar vergeet ook de thuiszorg en de verpleeghuizen niet."

Lucht foar de soarch

Hy hopet dan ek dat de meiwurkers yn de soarch wat lucht krije en dat it wat minder drok wurdt. "Laat ik het zo zeggen: mijn vrienden en familie hebben mij dit jaar niet megaveel gezien. Dat geldt voor veel van mijn collega's. Er is sprake van een constante verschuiving. We hadden de inhaalzorg nog niet afgerond of de boel moest alweer open."
© Omrop Fryslân
Opnij moasten alle roasters oanpast wurde, operaasjes dêr't minsken al lang op wachtsje waarden ôfsein. "Dat is echt frustrerend", seit Van Geffen. "Wij hadden echt gehoopt ergens anders te staan."

Stilstean by it positive

Wurch is Van Geffen net. "De truc is om zoveel mogelijk bij de positieve dingen stil te staan. Zo houd je het het beste vol. Ik probeer mij te focussen op dat wat energie geeft. Alles waar ik geen invloed op heb, laat ik voor wat het is. Dan hoop ik dat moedeloze gevoel zo lang mogelijk te vermijden."
Op it stuit is it krekt war rêstiger yn it MCL yn Ljouwert. Op de intensive care leit it noch fol, mar op de ferpleechôfdielingen is it minder drok. Dat jout it personiel de romte om fakânsje op te nimmen en enerzjy by te tanken. Dat hawwe sy nedich as der aanst in nije weach pasjinten nei it sikehûs komt.