Fier ropt mei noch 59 organisaasjes op om skoallen te iepenjen

Sechstich organisaasjes roppe op om de skoallen net ticht te hâlden yn it nije jier. Under har ek Fier, de Ljouwerter organisaasje foar it opfangen en behanneljen fan bern, jongelju en froulju by geweldssituaasjes. De organisaasjes wolle in grins lûke.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
It ûnderwiis moat neffens de 60 organisaasjes gjin knipperljocht wêze. Tusken dy organisaasjes sitte bygelyks Unicef, Jeugdartsen Nederland, Jantje Beton, Jeugdzorg Nederland en de Nederlandse Vereniging van Pedagogen en Onderwijskundigen.

Oprop: iepenje skoallen 10 jannewaris wer

Sy neame it nei skoalle gean in essinsjeel ûnderdiel fan it opgroeien. It sluten fan skoallen komt neffens har it wolwêzen fan bern net te'n goede. Minderjierrigen soene ferantwurdlik makke wurde foar de sûnens fan folwoeksenen, tinke de organisaasjes. Dêrom moat der better tocht wurde om de belangen fan bern en soene skoallen op 10 jannewaris wer iepen moatte.
"Maak het sluiten van scholen geen dag langer onderdeel van de lockdownmaatregelen, gebruik kinderen niet als breekijzer en houd scholen open", sa lit Unicef-direkteur Suzanne Laszlo yn in mienskiplike ferklearring witte.
Ferslachjouwer Earryt Sijens by Ingrid Eisma, manager by Fier
Fier biedt yntern ûnderwiis oan kwetsbere bern oan. Dat kin aldergeloks wol trochgean, fertelt manager Ingrid Eisma. "Ik ga er ook vanuit dat wij na de kerstvakantie weer onderwijs aanbieden."

Unwissens en húslik geweld

Dochs hat it sluten fan skoallen ek op oare flakken konsekwinsjes foar Fier. "Gezinnen zitten hierdoor ook meer thuis met elkaar, waardoor ook meldingen van huiselijk geweld oplopen. Zulke gevolgen moeten ook een stem krijgen."
Boppedat smyt it foar in soad bern ûnrêst en ûnwissens op. "De cijfers zeggen dat er leerachterstanden zijn en een onderbelichte problematiek is de sociaal-emotionele ontwikkeling die stagneert. Docenten werken er keihard aan om de kinderen geen achterstanden te laten oplopen, maar sommigen worden daar heel onzeker van. Kinderen kunnen zich niet aan elkaar meten en elkaar opzoeken." En just dat is neffens Eisma tige wichtich.